Merkwurking yn ’e soarch

febrewaris 16, 2010 11:23

Der wurdt gauris roppen om in lytsere oerheid. En ik moat sizze, ik haw in grut respekt foar wat yn ’e frije ekonomy berikt wurdt. Mar in wichtich aspekt dêrby is, dat de klant ek “nee” sizze kin. Leveret in winkel my troep, dan is er de folgjende kear ôfbaarnd!
It aparte yn ’e soarch is, dat de klant nèt “nee” sizze kin. Faak is er yn in ôfhinklike posysje en yn ’e soarch is it no gauris sa dat de gemeente in kontrakt mei íen soarchorganisaasje hat. En it is de gemeente dy’t in kear “ho!” seit. Mar dan is de klant allang dea, of it giet krekt oer in tige goede soarch dy’t de gemeente te djoer wurdt, mar dêr’t de klant noch bêst wat bylizze wollen hie. Dêrmei is it hiele moaie spul fan fraach en oanbod fersteurd. Dat liket my de reden dat de merkwurking yn ’e soarch minder goed funksjonearret as ferwachte waard.

Pyt

febrewaris 16, 2010 11:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.