‘Losgeld’ spaasjeflater fan it jier

febrewaris 1, 2010 10:55 Fernijd

It GVB is útroppen ta winner fan de ferkiezing ‘ferkearde spaasje fan 2009’. It Amsterdamske ferfiersbedriuw skreau yn in advertinsje foar de OV-chipkaart dat dit de ein fan it fimeljen mei ‘losgeld’ betsjutte soe. Neffens tolvehûndert besikers fan de ynternetside fan Signalering Onjuist Spatiegebruik (SOS) wie dat de grutste spaasjeflater fan it jier.

 

SOS set him yn foar in goed brûken fan de spaasje. De splintersikers (sûnder spaasje) hawwe in gloedigen argewaasje (met spaasje) fan it net goed brûken fan de spaasje en wolle dêr safolle mooglik media-omtinken (mei keppelstreekje) foar sjen te krijen.

 

Tolvehûndert taalpuristen diene mei oan de ferkiezing foar de spaasjeflater fan it jier. De ûntbrekkende spaasje yn ‘losgeld’ wûn, en waard troch ien fan de stimmers as ‘kriminele flater’ betitele. It fersin waard op fuortendaliks (sûnder spaasjes) folge troch in flater fan de Keninklike Biblioteek yn De Haach, dy’t by ien fan de kompjûters in buordsje sette dêr’t ‘slechtziende pc’ op stie yn stee fan ‘slechtzienden-pc’. Op it tredde plak einige it wurd ‘lieve heersbeestjes’, dat yn De Telegraaf stie. Ien fan de stimmers freget him dêrby ôf oft yn it iental dan ek in ‘lief heersbeestje’ sein wurde moat. In oaren freget him ôf oft der ek sokssawat as in ‘stout heersbeestje’ bestiet.

febrewaris 1, 2010 10:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.