Kolleezjedei oer Fedde Schurer yn Koornbeurs

febrewaris 15, 2010 14:23

Koornbeurs, Noord 2 te Frjentsjer in kolleezjedei oer Fedde Schurer.
Johanneke Liemburg, dy’t no boargemaster is, mar har karrière as sjoernaliste begûn, skreau in boek oer it libben fan dizze kleurrike ûnderwizer, skriuwer, aktivist, politikus, journalist en polemist. Sy sil der op 25 maart oan de Universiteit fan Grins op promovearje.
Op de kolleezjedei sil sy moarns in nijsgjirrige lêzing oer him hâlde.

Nei in Frysk kofjemiel yn de Koornbeurs sil dêr middeis in film oer it libben fan Fedde Schurer fertoand wurde en sille Hindrik en Beitske van der Meer mei in part fan it Kwartettekoar opkomme en poëzy en sang oer û.o wurk fan Fedde Schurer hearre litte.

Fedde Schurer (1898-1968), ûnderwizer en letter haadredakteur fan de Friese Koerier, wie ien fan de populêrste Fryske dichters fan de tweintichste ieu en ien fan de meast oansprekkende lieders fan de Fryske beweging. Syn namme bringt ‘Kneppelfreed’ yn ’t sin, de rjochtsaak dy’t lanlike erkenning fan de Fryske taal as gefolch hie. Fedde Schurer sels krige al yn 1930 lanlike bekendheid troch in konflikt mei syn skoalbestjoer op ’e Lemmer. Sy waarden it net iens oer syn pasifistyske opfettings en hy krige dien. Hy naam ôfskie fan de Grifformearde Tsjerke en waard ûnderwizer yn Amsterdam. Yn de oarloch waard er yn it literêre ferset behelle. Dêrnei kaam er werom nei Fryslân om haadredakteur te wurden fan de Heerenveense, letter de Friese Koerier. As kristen-sosjalist, want hy hat syn leauwe noait ferlern, wie er ek noch sân jier lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.

De dei duorret fan 10.00 oant likernôch 16.00 oere.

De dielnimmerskosten binne € 40,– de persoan. As jo oan dizze dei meidwaan wolle, dan kinne jo jo opjaan mei in e-meel nei Monte Hallema te Frjentsjer: E: mhallema@hetnet.nl It hat doel om fuortendaliks de dielnimmerskosten oer te meitsjen nei bankrekkennûmer: 29.65.88.008 o.n.f. Frjentsjerter Universiteit te Frjentsjer en dêrby as betellingsskaaimerk KD2010/1 oan te jaan. Dy’t it earst yn de roef komt, hat kâns fan plak.

febrewaris 15, 2010 14:23
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.