Jild fergriemerij by gemeenten

febrewaris 25, 2010 11:01

De Drintse Alderen Partij (DOP: www.dopemmen.nl) fynt dat der in ein komme moat oan de djoere promoasjekampanjes fan de gemeenten. Al jierren besykje gemeenten ynwenners en bedriuwen by de buorgemeenten wei te lûken om har eigen ynwennertal te ferheegjen en har yndustrykavels fol te krijen. Mear ynwenners en mear bedriuwen betsjut mear ynkomsten. Net allinne dat de gemeenten dan wat mear jild om hannen ha, ek de boargemaster, de wethâlders en de riedsleden wurde better fan de groei fan it tal ynwenners trochdat har fergoeding/lean heger wurdt. Sa sit der foar elkenien in premy op grutter wurden. Der wurde dêrtroch fikse ynspannings levere om minsken en bedriuwen te ferlieden om te ferhúzjen. Dêrfoar wurde marketing- en reklameburo’s ynskeakele, want “de kost gaat voor de baat uit” no? Dy buro’s wurkje perfoarst net fergees.

Ton Schoo fan de DOP hat yn in brief oan de Twadde Keamer witte litten dat hy fynt dat der in maksimum steld wurde moat oan de bedragen dy’t útjûn wurde oan promoasje by de gemeenten. Benammen yn in tiid fan krimp is it te gek foar wurden dat gemeente A jild stekt yn it fuortlûken fan minsken en bedriuwen út gemeente B en dyselde gemeente B as reaksje noch mear jild stekke moat yn it fuortheljen fan ynwenners út gemeente A of om de eigen ynwenners fêst te hâlden. Ton Schoo hat gelyk dat hjir sprake is fan jildfergriemerij. Yn in tiid dêr’t de gemeenten deroer krimmerearje dat se te min ynkomsten ha, leit hjir de besuniging foar it gripen. Ik soe noch wol in stapke fierder gean wolle as Ton Schoo: lit de gemeenten ophâlde mei dizze sinleaze reklame dêr’t de iene tsjin de oare opbiede moat om de eigen gemeente “op ’e kaart te setten” om it mei har eigen fersmoargjende taal te sizzen. Hâld op mei dy healwize subsydzje foar bedriuwen as se ferhúzje wolle. Yn It Hearrenfean ha wy sjen kinnen dat se de subsydzje opstrike en dan hookstrooks wer fuort binne: weismiten jild.

Dit soarte fan gemeentlike aksjes (reklame en subsydzjes) binne typearjende foarbylden fan te fier trochfierde merkwurking. Gemeenten binne gjin bedriuwen en boargemasters en wethâlders binne gjin managers, dêr’t ik sa’n wurd om brûke moat. Gemeenten hearre tsjinstber te wêzen oan har ynwenners en moatte ophâlde mei ditsoarte fan ûnnoazele “bedriuwkeboarterijkes”. Dêrom, lit der mar in ferbod komme op marketing- en reklamemakkerij by de gemeenten en helje de prikel fan grutter-is-mear-ynkommen derút. Riedsleden en gemeentebestjoerders dy’t it miene mei de gjalp dat se der sitte foar de ynwenners en net foar it eigen ynkommen, kinne dat sjen litte troch mei elkoar ôf te praten (yn VNG-ferbân) dat se ophâlde mei it elkoar miggen ôf te fangen. It jild dat no nei de reklamejonges giet, kin dan brûkt wurde foar wichtiger dingen yn de soarch of kulturele fersjennings. De wrâld sil der net folle troch feroarje en miskien sels der wol “skjinner” fan wurde. (Jaap van der Bij)

febrewaris 25, 2010 11:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erik febrewaris 27, 17:08

    De hear Schoo mei earst wol nei in sportskoalle mei syn grouwe harsens.

  2. Lútsen febrewaris 27, 21:10

    Ho Erik, grou kin ek kreas wêze. Dizze is wol symmetrysk, en hy hat moaibylkjende tosken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.