It CDA en de ôfspraken

febrewaris 21, 2010 20:20

It CDA is net fan de ôfspraken. Yn 2007 stiet Balkenende te ferkundigjen dat de Nederlânske troepen yn 2010 Afganistan ferlitte sille. No is it 2010 en dan hâldt er him net oan dy ôfspraak. De PvdA hat moannen lyn al sein dat de soldaten net langer yn Afganistan bliuwe. Ek net as der in fersyk fan de NAVO komt. Dus it konflikt siet dan ek al moannen yn de loft. De PvdA koe net werom omdat de partij him oan de ôfspraak hâlde woe dy’t yn 2007 makke is. Dat neamt men ek wol betrouber.
It CDA is bang foar de reputaasje fan Nederlân yn it bûtenlân. Ik tink dat it ferstannich is dat it CDA him drok makket oer syn eigen reputaasje. In reputaasje dy’t no yn diggels leit.

Der wurdt troch Balkenende ferkundige dat Nederlân it ienichste lân is dat de troepen út Afganistan weihellet. Mar neffens my binne der al guon lannen foargien lykas Spanje, Italië en Kanada. Wurde dy lannen troch de Feriene Steaten min behannele? Minister Verhagen fan it CDA is dea benaud foar de Feriene Steaten. Nederlân mei absolút neat ferkeard dwaan. Dat is fansels fan de gekke. Nederlân hat mear foar Afganistan dien as oare lannen, dy’t folle grutter binne.  Neffens my hat Clinton fan bûtenlânske saken dat noch sein.

Oft it ferstannich is dat it kabinet no falt is te besjen. Grutte kans is dat de partij fan Wilders yn de Twadde Keamer in soad sitten krijt. Der is sels kâns dat er regearje mei. De PvdA en it CDA kinne elkoar de kommende tiid net ferneare, dus koalysjes meitsje sil dreech wurde.

Foar de gemeenteriedsferkiezingen kin it allegear ek noch in sturtsje krije. Lokale polityk stekt hiel oars ynelkoar as de Haachske polityk. It is te hoopjen dat de kiezer de lokale problemen sjen bliuwt en net stimt om de lanlike partijen te stypjen. Oant trije maart soene de grutte lanlike partijen it oer lokale polityk hawwe moatte. Dogge se dat net, dan wurdt it dreech om de lokale stânpunten nei foaren te bringen. Foaral partijen lykas de FNP kinne it dreech krije.

Jan de Koning

febrewaris 21, 2010 20:20
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Hanneke Brandsma febrewaris 22, 11:31

    Ja,het is heel teleurstellend wat het CDA heeft laten zien,maar ook de PvdA had beter kunnen doen,kennelijk was de rek eruit,en ik denk dat twitterkoning Maxime dat wel leuk vond.
    Een rattenstreek Maxime.
    Ben erg boos op jou,je gooit ons land zo voor de haaien met al jouw ambities.

    Hanneke

  2. Jabik febrewaris 22, 15:39

    Ik ha ek sa it gefoel dat Maxime wer aardich oan it wrotten west hat. Hy woe en moast syn sin krije en de marjonet JP lit him dit wol dwaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.