Groepstinken en mear

febrewaris 24, 2010 09:09

Multatuli al hat yn ien fan syn Ideeën beskreaun dat minsken as inkeling hiel oars tinke as wannear’t se mei in groep binne.
Groepen hawwe faak ien of twa minsken dy’t de toan sette. De measte minsken ûntkomme der net oan en folgje de ‘lieder’ nei.
Der is fansels net oan te ûntkommen. Der binne goede en minder goede lieders.
Dy’t de toan set, soe him der fan bewust wêze moatte dat er neifolgers krijt.
Sels haw ik dat ek in skoft ferkeard dien.
Ik haw ús heit en noch in oare man foar rotte fisk útmakke.
En oft se dat no fertsjinne hawwe of net, dat is net de bedoeling fan de romte dy’t ik krij om te sizzen wat ik wol.
Ik haw spyt dat ik my sa oan it kwea yn ’e wrâld ferbûn haw.
Sizze op itnijs of op in oar plak yn cyberspace wat der allegear net doocht, dat lit ik no mar oan oaren oer.
Want ik wol libje en libje litte.
En dêrneist kin ik sjen litte dat ik in oare kant haw.
In gesellige, yntelliginte, gefoelige en humoristyske kant.
Dêr moatte jim it tenei dan mar mei dwaan.

Klaske Hiemstra

febrewaris 24, 2010 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.