Geenstijl.nl tankewol

febrewaris 3, 2010 09:39

Juster hat geenstijl.nl in keppeling op syn siden lein nei itnijs.nl. Dat hat hûnderten besikers nei de side lutsen. De keppeling gie nei dit artikel. https://www.itnijs.frl/2010/02/telegraaf-media-dogge-oft-sy-dom-binne/
De reden foar de keppeling wie dat geenstijl net de keppeling gunde nei de Hollânsktalige side dy’t krekt sa’n artikel brocht.

Der binne in soad reaksjes by it artikel pleatst. De measte reaksje giene net oer it artikel sels mar oer it Frysk. Guon reaksjes binne troch de redaksje ferwidere. Geenstijl neamt de minsken efter de reaksjes ‘reaguurders’. Dat hâldt yn dat se anonym skelle en seure kinne. Se gean hielendal los, wat se yn it echte libben nea dwaan soene.

Al mei al binne wy fan de reaksje bliid mei de keppeling. www.geenstijl.nl . Tankewol.

febrewaris 3, 2010 09:39
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. mbc84 febrewaris 3, 10:57

    @redaksje:
    Yn ien fan de lêste sinnen stiet: Dat hâld yn dat se …. Dit moat fansels “Dat hâldT yn dat se…” wêze! En it is ‘skelle’, net ‘skelde’. Dat is nammentlik de doetiid fan ‘skelle’. Dêrby is ‘iets’ beslist net moai Frysk…

  2. Jelle febrewaris 3, 17:17

    Jim moatte wol goed lêze, de link gie nei itnijs.nl om’t GeenStijl it Fransisco van Jole net gunde dat dy alle hûnderten hits krych op joop.nl, net omdat se net woenen dat de link nei in Hollânsktalige side gie.

  3. Jelle febrewaris 3, 17:24

    Trouwens, dat wat jim oer de reaguurders skriuwe fyn ik maklik scoren, bytsje spitich as jim it my freegje. Er sille heechút in pear reaguurders wêze dy’t sokke domme reaksjes pleatsten, wierskynlik foar in grut part besteande út minsken fan 18 jier as jonger. GeenStijl hat mar leafst 139993 reaguurders, as dy allegear sa wêze soenen soenen er in pôle domme reaksjes fan reaguurders ôfkomstich wêze op It Nijs. It binne er heechút 30 west.

  4. Redaksje febrewaris 3, 19:58

    Bêste Jelle,
    Do hast in goed punt ynbrocht. Mar safolle reaksjes hienen wy noch net earder meimakke. In protte reaksjes hie net folle om de hakken mar guon ek wol. Dat hienen wy wol even neame moatten. Dus hjirby.

  5. Erik febrewaris 3, 23:40

    Wy fan de REAKSJE?

  6. Jelle febrewaris 4, 02:05

    @Redaksje: Sportyf!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.