Floaris en Blankefloar

febrewaris 14, 2010 08:20 Fernijd

Oer it boek:
Dit is it leafdesferhaal fan Floaris en Blankefloar, de reade roas (it fjoer fan de leafde) en de wite leelje (de reine ûnskuld). It ferhaal fan de leafde tusken twa jonge minsken fan in ferskillend leauwe: Blankefloar is Kristinne, Floaris is moslim fan komôf. Troch alle tsjinwurking fan Floaris syn âlden hinne bliuwe Floaris en Blankefloar inoar trou en Floaris ûndernimt in nuodlike reis om syn leafste werom te krijen. Ek as hja inoar werfûn hawwe, is ’t gefaar noch net foarby en stiet harren libben sels efkes op it spul. Lokkich beslacht alles goed oan ’e ein.

Troch alle ieuwen hinne hawwe minsken niget hân oan de histoarje fan Floaris en Blankefloar. Mei dêrby de tsjinstelling kristendom-islam is it ferhaal yn dizze tiid ek noch wer tige aktueel.

Klaas Bruinsma hat op treflike wize it middelnederlânske leafdesfers oerset yn flotrinnende, hjoeddeisk-Fryske fersrigels. In juwieltsje foar Fryslân en de Fryske bibleteek.

 
Oer de oersetter:
Nei syn pensioen yn 1986 hat Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan it oersetten fan de klassiken út de wrâldliteratuur. As gymnasiast wie er dêr al mei dwaande. In 1993 krige er de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes van Sofokles, en yn itselde jier foel him de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat ta ‘voor zijn verdiensten voor het behoud van de Friese taal.’ Yn 2005 is him op ’e nij de dr. Obe Postma-priis takend, ditkear foar syn oersettings yn it Tinkboek fan Gysbert Japicx, de bondel Lânwurk mei de oersetting fan de Georgika fan Vergilius, en foaral foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros. Jabik Veenbaas neamt it yn de Ljouwerter Krante ‘Een monumint foar in lytse taal.’

Mei dizze oersetting fan in Middelnederlânsk wurk  lit Bruinsma sjen dat er net allinne oandacht foar de klassiken hat, mar ek oarspronkelik wurk, dat tichter by hûs ûntstien is, net skout.

febrewaris 14, 2010 08:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.