Feanster Passy

febrewaris 9, 2010 22:28

Maaie 2009 ferskynde it boek Feanster Passie. Feanster Passie beskriuwt mar leafst fiifentweintich portretten fan oan ’e fuotbalklup Hearrenfean relatearre persoanen, persoanen dy’t inoar fine yn ien en deselde passy, in Feanster Passy. Auteur Harry Walstra, dy’t earder de boeken ‘Nederlandse voetbal historie, de jaren 70’ en ‘Foppes gouden doel’ skreau, ynterviewde foar it boek Feanster Passie ferskate Hearrenfean-spilers, trainers, in bestjoerder en in supporter.
Op in reinige freedtejûn gong ik by de auteur yn Snits lâns en krige in yndruk fan ’e passy dy’t Walstra sels foar it fuotbaljen hat.

Troch: Cees Visser

Souderkeamer en Eusebio

Ik wurd freonlik ûntfongen troch de Walstra’s en nei in koart yn ’e kunde kommen mei Walstra en syn frou Thea stelt Walstra foar om op ’e souder fierder te praten. Oer twa steile treppen komme wy yn in hiel lyts souderkeammerke teplak. Dat keammerke is it domein fan Harry Walstra. It stiet hielendal fol mei boeken oer fuotbal, fuotballers en trainers. Oan ’e muorre hingje ferskate posters en platen út tydskriften en op ’e grûn stiet in wier skildereftige foto op in gigantysk linnendoek. As ik Walstra dernei freegje, begjint er fol passy te fertellen: “Op ’e foto sjochst it momint dat Eusebio yn ’e Europacup finale fan 1962 de 1-0 skoarde tsjin AC Milan, wylst Giovanni Trapattoni tasjocht. De foto is makke op Wembley troch Guus de Jong, in bekende fotograaf út ’e jierren ’60 en ’70. De fotograaf wie net tefreden mei it plak dêr’t er siet oan it fjild en besocht in oare posysje te finen. Wylst er nei syn nij plak rûn, ûntstie dit byld. Wat dizze foto sa bysûnder makket, is dat er steand makke is, wêrtroch’t de fotograaf op ’e selde hichte stiet as de spilers. Meastentiids binne fuotbalfoto’s in bytsje fan ûnderen ôf makke. Ik haw de foto kado krigen fan Guus de Jong”, fertelt Walstra.

Leafhawwer

As’t op ’e souderkeamer om dy hinne sjochst, kinst allinne mar konkludearje dat Walstra in enoarme fuotballeafhawwer wêze moat. Dêr lit er ek gjin misferstân oer bestean. “Alles wat ik doch is hobby en hobby kostet jild. Ik bin dan ek al tefreden as ik mei de troch my skreaune boeken út ’e kosten kom. Myn leafhawwerij rjochtet him dan ek net spesifyk op ien club, mar mear op it fuotbaljen yn it algemien. Benammen de jierren ’70, de tiid mei Van Hanegem, Cruijff, Neeskens, Jan van Beveren, Willy van der Kuijlen. It binne de jierren dêr’t ik yn opgroeide. Doe’t de WK finale fan 1974 spile waard, wie ik acht jier âld, mar ik kin my der noch wol wat fan tebinnen bringe. Ik wie ek altyd rjochte op Feyenoord en Ajax en Cruijff en van Hanegem. Als Fries folgje ik fansels Hearrenfean en Cambuur ek wol, mar ik bin net in fanatike supporter dy’t in seizoenkaart hat.”

Hearrenfean

Walstra jout oan gjin fanatike Hearrenfean-fan te wêzen. “Ik bin dan wol yn Snits berne, mar yn ’e jierren ’70 wenne ik yn Emmen. Doe spile Hearrenfean yn ’e Earste Divisy, dus dat folge ik wol, mar fan op in ôfstân. De measte Friezen mei útsûndering fan ’e minsken yn Ljouwert hawwe meastentiids wol in bân mei Hearrenfean. Ik kom trochinoar miskien mar sa’n ien of twa kear it seizoen by in wedstriid, mar ik fyn Hearrenfean en Cambuur beide moaie klups en ik soe it tige aardich fine as dy twa wer tsjininoar yn ’e Earedivisy spylje soene.”

Feanster Passy

“Al bin ik gjin fanatike Hearrenfean-fan, ik fyn Hearrenfean wol in klup mei in rike histoarje. Nei’t myn wurk as skriuwer foar de krante Corner fan Hearrenfean ophold, like it my in aardich idee om wat mei de histoarje fan Hearrenfean te dwaan. Ik haw it boek yn eigen behear útjûn en besocht út alle tiidrekken fan Hearrenfean wat mei te nimmen. Spitigernôch slagge it my net, ien út ’e tiid fan Abe Lenstra te finen. Persoanlik fyn ik it ferhaal fan Gilles Veenstra, it jongere bruorke fan ’e bekende Hearrenfean-keeper Tieme Veenstra, tige moai. Gilles Veenstra hat sels yn ’e jierren ’50 ek noch it doel fan Hearrenfean ferdigene en is op dit stuit noch altyd wurksum by sc Hearrenfean. Sa docht er dêr de post en jout er rûnliedings yn it stadion. Fierder haw ik foar it boek ûnder oaren Eddy Bosman, Reinder Dolstra en Henk Zoetendal, spilers út  ’e jierren ’70, ynterviewd.

Ek komme Riemer van der Velde en Foppe de Haan oan ’t wurd, mar ek minder bekende nammen en it is gewoan aardich om dêr in goede miks fan te meitsjen. In tal fan ’e ynterviewde fuotballers binne troch bûtensteanders allang fergetten. Dat sil mei de tsjintwurdige generaasje fan fuotballers wol folle minder gau barre, om’t der no folle mear publisiteit oan it fuotbaljen jûn wurdt as doe. Wat my by it skriuwen fan dit boek foaral opfoel, is dat alle spilers dy’t ik ynterviewd haw tige grutsk binne dat se ea by Hearrenfean heard hawwe of der noch by hearre. Ek al heart men faak negative lûden oer fuotballers, de ûnderfining dy’t ik mei de ynterviewde fuotballers haw, is perfoarst oars. It binne stik foar stik allegearre hiel sympatike jonges, dy’t graach har ferhaal dwaan wolle. Ik moat earlik tajaan, dat ik noch besocht haw om Huntelaar en Van Nistelrooy benei te kommen, mar dat is spitigernôch net slagge. Mar eins fyn ik dat ek wer net in hiel grut gemis, om’t dy jonges relatyf sjoen mar in tige koarte perioade foar Hearrenfean fuotballe hawwe.

Oer it boek haw ik gâns positive reaksjes krigen, ek fan de troch my ynterviewde spilers, dy’t ik allegear in eksimplaar jûn haw. Dêr helje ik in hiel protte foldwaning út. It boek is kreas foarmjûn troch Erik Smidt en de foto’s dy’t deryn steane binne grif in mearwearde foar it boek.”

Ek fan ’e hân fan Walstra

“It is foar my allegear begûn mei de website www.wk74finale.nl . Dy website is hielendal, sa’t de namme al oanjout, wijd oan ’e WK-finale fan 1974. Om’t ik skriuwen tige aardich fyn, haw ik in pear artikels fan myn website opstjoerd nei in Dútsk fuotbalblêd. Dêr wiene se tafallich krekt dwaande mei in special oer Nederlân – Dútslân. Foar dat blêd mocht ik útspraken fan Nederlânske spilers byinoar garje.”  Walstra skreau foar dat blêd ek artikels oer ûnder oare Ajax en Feyenoord. Ek skreau er foar it fuotbal-moanneblêd ‘Elf’ artikels oer histoaryske wedstriden út ’e jierren ’60 en ’70. Letter ferskynde dat artikel yn Voetbal Magazine. “Ik fûn dat doe tige aardich om te dwaan en besleat om der in tal ferhalen by te skriuwen. Dat waard úteinlik myn earste boek ‘Nederlandse voetbalhistorie, de jaren 70’. Foar dat boek praatte ik ûnder oaren mei grutte nammen as Jan van Beveren, Kees Kist en Ruud Geels. Gerry Mühren hat it foarwurd foar my skreaun en de foto’s foar it boek krige ik fan fotograaf Guus de Jong. Letter haw ik noch foar it Foppe Fonds mei skreaun oan in boek Foppes Gouden Doel. Dat boek is in EK-deiboek, gearfoege mei in tal ferhalen oer it tarieden op Peking.”

Takomst

“Wat ik yn ’e takomst noch dwaan wol, wit ik net. Der komt yn elk gefal gjin ferfolch op Feanster Passie. Wol soe ik it aardich fine om bygelyks sa’n boek nochris foar in oare klup te skriuwen en miskien noch wol wer ris in boek oer it fuotbaljen yn ’e jierren ’70.”

It boek Feanster Passie is noch altyd te krijen. It leit yn ’e Feansjop mar is ek daliks by de skriuwer te bestellen. Men kin dat dwaan troch € 13,95 oer te meitsjen op bankrekkennûmer: 35.95.10.353. Set dêr jo namme, adres en postkoade by, dan wurdt het boek jo sa gau mûglik tastjoerd.

febrewaris 9, 2010 22:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.