Emansipaasje

febrewaris 19, 2010 12:32

“Sjoch”, sei Jehannes tsjin Rebecca. “Sa wurdt it dan”.
Rebecca beseach de folder en fûn it moai.
“Kinst it ek winne”, fernuvere Jehannes him alfêst.
“Dat moat altyd wêze”, tocht syn partner en Jehannes bestelde in man dy’t ferstân hie fan it moai beklaaien fan treppens.

Tsjin twaen soe er komme. Rebecca stode krekt de doar út doe’t de man mei in steapel folders foar de doar stie.
“Jo bliuwe net thús?” frege hy ferheard.
“Drok drok drok”, antwurde Rebecca. “Myn man regelet it wol” en fuort fleach se nei har gemeentlike kommisjegearkomste.
Doe’t se in pear oeren letter thúskaam, frege se: “No, hast it wûn?”
“Eh nee ju”, antwurde har man.
“Do hiest derby wêze moatten, dy man wie samar wer fuort.”
“Hoesa dat?” frege Rebecca en skode twa mokken ûnder it kraantsje fan de Senseo.
“Ja fanke”, sei Jehannes, “dat is de emansipaasje. Dêr kinst net mear omhinne tsjintwurdich.”

Klaske Hiemstra

febrewaris 19, 2010 12:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.