Dialektesoarch yn Flaanderlân

febrewaris 7, 2010 09:38

Geakunde Flaanderen organisearret yn gearwurking mei Variaties, de koepelorganisaasje foar dialekten en oraal erfgoed yn Flaanderen, en mei FARO, Flaamsk stipepunt foar kultureel erfguod, fiif jûnen oer ‘Taal of tongfal? Dialektesoarch yn Flaanderen tusken taalpolityk en erfgoedbelied.’

Taalfariaasje is in te koesterjen rykdom, dêr is in elkenien it oer iens. Dialekten en streektalen wurde troch in protte minsken as in ûnferfangber stikje ymmaterieel erfguod beskôge, dat troch skaalfergrutting en globalisearring tige ûnder druk stiet.
Sûnt de lêste jierren wurde op ynternasjonale foarums lykas de Ried fan Europa en de UNESCO beliedsynstruminten ûntwikkele om de driigjende ferearming fan ferskillende talen tsjin te gean.
By it tapassen dêrfan op de lanlike en regionale nivo’s rize ek daliks fragen:
Binne dialekt(groep)en ek talen?
Moat soks wol aktyf beskerme wurde en bygelyks in offisjele status fan streektaal krije?
Wa meie dat útmeitsje en op hokker grûnen?
Hokker ynternasjonale wurkynstruminten besteane der eins, wurde se yn Flaanderen tapast en op hokker wize dan of wêrom net?

Makkest dy drok om it fuortbestean fan dyn dialekt? Of fynst dat yn de wrâld fan de talen gewoan de wet fan de sterkste jilde moat? Of hasto hielendal gjin dialekt en fynst dat krekt in segen foar ús mienskip? Allinne as taal dy hielendal ûnferskillich lit, hast in goede reden om net nei dy debatjûn yn dyn provinsje te kommen. Yn alle oare gefallen wurdt dyn oanwêzichheid en opiny tige wurdearre.

febrewaris 7, 2010 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.