Desibellen
Resint ferskynd
Ljouwert wol mear lûd talitte en no binne der âlde minsken dy’t kleie. Mar ja, foar de earen fan jonge minsken is al dat lawaai ek net goed. Der kinne de alderaaklikste kwalen út ûntstean.
By âlds wie lawaai faak in teken fan wille, mar dan moast der ek wat foar dien wurde: op ’e trom slaan of op ’e toeter blaze! Mar hjoed-de-dei giet alles hast fansels: in licht tikje kin de hiele stêd trilje litte! En it liket wol oft gâns jongerein al dat leven brûke wol om it gewoane libben te ferjitten. En dat wylst der no krekt safolle te belibjen is!
Sels haw ik troch myn wurk meidien oan ’e ûntwikkeling fan dy moderne techniken. Mar ik fiel my net skuldich. De wrâld moat sels mar leare om mei al dy mooglikheden om te gean.
Pyt
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje