Dèr Mouw
Resint ferskynd
Op in kweade dei haw ik de bondel poëzij van Dèr Mouw útliend oan ik wit net mear wa, en noait weromkrigen.
En ik wie sa mâl mei de man. Ik sitearje út ’e holle:
’k Ben Brahman, maar we zitten zonder meid
Ik doe in huis wat ik nog kan.
Ik gooi het vuilwater weg en vul de kan.
Prachtich fûn ik dat.
Dy man wie himsels wurden (want dat betsjut it, ast Brahman bist) en hy is noch hielendal ek de ûnhandige knoffelhakke dy’t er wie.
Hy kin neat oars as himsels waskje en wat omknoeie mei it wetter. En skriuwe fansels.
Myn learaar Nederlânsk fertelde derby dat Dèr Mouw, doe’t er ienkear Brahman wie, útbarste yn in diarree fan fersen.
Nettsjinsteande de net sa smaaklike ferliking fûn ik it dochs ek moai.
Sa’n man hie nei alle gedachten syn hiele libben ferstoppe sitten, en doe’t er it fûn hie, kaam it der allegear yn ien kear út.
Krekt as de snie fan ’t winter, dy ha se dêrboppe ek jierrenlang opsparre.
Asto dit no lêst, liener fan myn boekje, wolsto dan wol even by info@fryskebeweging.nl myn mailadres opfreegje?
Dan meitsje wy in ôfspraak.
Ik kin der o sa nei útsjen dat ik dy blomlêzing fan Dèr Mouw nochris wer hielendal lêze kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje