Chopin

febrewaris 22, 2010 09:09

Hjoed, 22 febrewaris is de 200e bertedei fan Chopin. Teminsten, dat tinkt men.
Sels tocht Chopin dat er op 1 maart 1810 berne waard, en syn suster hat earne skreaun dat er 1 maart 1809 berne is.
Hawar, dat makket foar syn muzikale keunst net út.
It is heechút belangryk foar syn horoskoop.
Ik wit net oft men dêr doedestiids al oan die.
No, hjir yn Fryslân, soe ik Cornelis van der Wal freegje. Dy hat him talein op it lûken fan horoskopen foar nijsgjirrige Friezen.
En dat binne wy allegearre, netwier?
Chopin wie as bern al sa almeugendst tûk yn it musisearjen, dat in learaar ris fan him sein hat: “Lit him gewurde. Syn wegen binne ûngewoan omdat syn talint ûngewoan is.
Oft men in bern mei talint gewurde litte moat, dêroer soene wy it noch ris hawwe kinne.
Miskien is it better sa’n bern op ’e skerte te nimmen en in ferhaaltsje te fertellen foar it sliepen gean.
Dan kin sa’n jonkje mei de tomme yn ’e mûle yn ’e sliep falle en lekker dreame fan in reis nei Parys dêr’t er ferneamd wurde kin.
En dat dan alle froulju oan syn fuotten lizze, oant twahûndert jier nei syn bertedei.

Klaske Hiemstra

febrewaris 22, 2010 09:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen febrewaris 22, 14:31

    ‘gerêst moatte lit’? ‘gerust moet laten’ = gewurde litte moat!
    ‘sliepen gean’? = deljaan, BLINDER!

    Talint moat de kâns ha om fierder te groeien, moat koestere, oanfitere, oantrune, oanpuonne, mei soarch en leafde ûntwikkele wurde, en dat bart net op mem har skoat of skurte. Typysk Frysk slop geëamel? Ei, sa kin ‘t wol, leave, in seis min is bêst genôch, hear! Kom mar by mem op ‘e knibbel.

    Wat wol Klaske mei dit berjocht sizze? Ik begryp it leau ‘k net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.