Azteekske timpel fûn

febrewaris 24, 2010 02:06

Argeologen hawwe midden yn Meksiko Stêd fûneminten fûn fan in rûne timpel. Dat meldt it Belgyske parseburo Belga hjoed. Neffens argeolooch Eduardo Matos Moctezuma wie de timpel mooglik wijd oan de Azteekske god fan ‘e wyn.

De timpel leit achter in grutte katedraal en hat ea diel útmakke fan de haadstêd fan it Aztekeryk Tenochtitlán. Hy is nei alle gedachten yn de fyftjinde ieu boud en sil doe sa’n tritich meter heech west ha.

febrewaris 24, 2010 02:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.