Van Barneveld út finale

jannewaris 4, 2010 10:55

Raymond van Barneveld is der sneontejûn yn Londen nettsjinsteande in foarsprong fan 4-2 net yn slagge om de finale te berikken fan it wrâldkampioenskip darts fan de profbûn PDC.
De eksintrike Australiër Simon Withlock hold de man út De Haach yn in spannende wedstriid út de einstriid. De beslissing foel pas yn de alfde en lêste set: 6-5.
Beide spilers wiene folslein oan elkoar weage. Van Barneveld goaide fyftjin kear 180, syn opponint fan ‘down under’ ien minder. Whitlock notearre wol wat mear skoares boppe de 100 (98 om 85) en makke yndruk troch ûnder oare 170, 141 en 124 út te goaien. De pylken trochinoar rekkene, bleau er wer wat efter by de bêste Nederlanner fan alle tiden: 32,01 tsjin 32,80.
‘It fielt gek, want neffnes my ha ik krekt no myn bêste prestaasje fan ’e wike levere’, reagearre Van Barneveld op de útkeakeling. ‘Yn de foargeande partijen kaam ik net yn de buert fan myn bêste nivo en dochs ferlear ik mar ien set.’ Hy liet him sjen as in weardich ‘loser’. ‘Ik winksje Simon alle súkses yn de finale. Ik bin bliid foar him. Hy hat syn kâns poerbêst pakt.
‘Barney, dy’t yn de lêste set fersomme in foarsprong fan 2-1 te nimmen en ynienen mei 1-3 ferlear, moat snein yn de striid om it tredde plak (best of 19 legs) tsjin de ferliezer fan it duel tusken Ingelsk favoryt Phil Taylor en de ferrassende Welshman Mark Webster, dy’t Co Stompé yn de kwartfinale útskeakele. Ynset is in priis fan 60.000 pond (goed 65.000 euro). De nûmer-fjouwer giet mei 45 tûzen nei hûs.

jannewaris 4, 2010 10:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.