Wat docht Stichting Lezen?
Resint ferskynd
Stichting Lezen stimulearret de nocht oan lêzen. Sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Stichting Lezen advisearret it ministearje fan OCenW oer it lêsbefoarderingsbelied yn Nederlân. Hja docht dat ûnder oaren troch lêsbefoarderingsprojekten ynhâldlik en finansjeel te stypjen. Dêrnjonken stimt de stifting besteande aktiviteiten op it mêd fan lêsbefoardering opinoar ôf en begeliedt se it ûntwikkeljen fan nije metodiken. Boppedat nimt Stichting Lezen de foarstap ta ûndersyk op it mêd fan lêzen en stimulearret dat.
Gearwurking
Stichting Lezen bringt gearwurking ta stân tusken organisaasjes en ynstellings dy’t harren mei lêsbefoardering dwaande hâlde. Sadwaande ûntsteane netwurken op lokaal, regionaal en nasjonaal nivo. Stichting Lezen ûnderhâldt net allinnich kontakten mei boekferkeapers, bibleteken en útjouwers, mar ek mei universiteiten, (non-)profitorganisaasjes, ûnderwiisynstellings en omroppen. Hja wurket ek gear mei provinsjes en gemeentlike oerheden.
Projektbelied
Sûnt 1994 advisearret Stichting Lezen de minister fan OCenW oer hoe’t it lêzen yn Nederlân stimulearre wurde kin. Dat bart troch advys út te bringen oer it besteegjen fan it ryksbudzjet foar lêsbefoardering. Boppedat stipet Stichting Lezen lytsere projekten út it eigen Fonds Leesbevordering wei.
Ynformaasjesintrum
Stichting Lezen docht tagelyk tsjinst as lanlik ynformaasjesintrum. Wa’t spesifike fragen oer lêsbefoardering hat, kin ferwiisd wurde nei beskikbere literatuer of de goede ynstânsjes. Dêrnjonken organisearret Stichting Lezen kampanjes om it lêzen ûnder de oandacht fan in breed publyk te bringen.
Oer Stichting Lezen: belied, algemien
Kânsen
Lêsbefoardering freget in trochtochte strategy, rjochte op skoalle en húshâlding en in goede gearwurking tusken beide. Bern en jongerein, harren âlden en opfieders, moatte benammen berikt wurde fia strukturele maatregels. Nije lêsmetodiken en lêspromoasje mei kampanjes dêr’t de massamedia by ynskeakele wurde, spylje dêrby in grutte rol.
Bedrigings
Guon ûntwikkelings foarmje in bedriging foar it lêzen. As foarm fan frijetiidsbesteging komt lêzen yn ‘e knipe troch de tiid dy’t oan bygelyks tillevyzjesjen en sport bestege wurdt. Yn in protte húsgesinnen sjogge âlden it nut fan lêzen net. De lêsomjouwing op skoalle wurdt ek bedrige. Foarlêzen, frij lêzen en begripend lêzen krije te min omtinken.
Beleidsplan�
It nije beliedsplan fan Stichting Lezen, kin dan besteld wurde by Stichting Lezen, info@lezen.nl.
Oer Stichting Lezen: projektbelied
Stichting Lezen organisearret, stimulearret en nimt de foarstap ta projekten om de nocht oan lêzen te fergrutsjen. Dy projekten wurde subsidiearre út it ryksbudzjet foar lêsbefoardering en út it Fonds Leesbevordering wei. By de kar fan de projekten dy’t stipe wurde, hantearret Stichting Lezen in tal kritearia.
Subsydzjekritearia
Yn it foarste plak moat in projekt lêsbefoarderjend wêze. Dêrnjonken is it wichtich foar takenning fan subsydzje dat ferskillende ynstellings yn it projekt gearwurkje moatte. Dat jout mear garânsje foar kontinuiteit en ferheget it effekt. Dêrnjonken moat in projekt lanlik organisearre wurde of yn it hiele lân útfierd wurde kinne. Wannear’t in projekt net lanlik organisearre wurdt, moat it oerdraachber wêze. De kritearia foar in oanfraach út it ryksbudzjet en it Fonds Leesbevordering binne fêstlein yn de subsydzjerjochtlinen.
Ynhâldlike stipe
Njonken finansjele stipe út it ryksbudzjet of it Fonds Leesbevordering jout Stichting Lezen ek ynhâldlike stipe oan projekten. Hja soarget ûnder mear foar útwikseling fan projektûnderfining en jout in oersjoch fan projekten. Wannear’t in projektútstel oanslút op in al ûntwikkele idee, ferwiist Stichting Lezen troch nei de oanbelangjende ynstânsjes.
Projektfoarbylden
Understeande seleksje jout in byld fan it soarte fan projekten dat troch Stichting Lezen stipe wurdt. Dy projekten stimulearje:
* bettere kânsen foar bern fan 0 oant 6 jier út miljeus mei in leech ûntwikkele lêskultuer;
* ynformeel lêzen op de basisskoallen, dêrûnderit stillêzen en it foarlêzen;
* poëzij ûnder bern en jongerein, it oantreklik meitsjen fan literatuer foar learlingen út it fuortset ûnderwiis;
* in goede skoallebibleteek en it boekebesit thús;
* lêsbefoarderjende programma’s op radio en tillevyzje.
Oer Stichting Lezen: de organisaasje
Stichting Lezen hat in stiftingsbestjoer, dêr’t ûnderwiis, kultuer, wittenskippen, oerheid, bedriuwslibben en media yn fertsjintwurdige binne.
It bestjoer stelt it algemiene belied fest. It lit him dêrby advisearje troch de advysried, dêr’t de partisipanten fan Stichting Lezen in sit yn hawwe. It buro fan Stichting Lezen docht tsjinst as lanlik ynformaasjesintrum, riedt advisearring ta en fiert it belied út
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje