Undersyk nei gefaar autodykreklame

jannewaris 19, 2010 08:24 Fernijd

Der komt in ûndersyk nei de risiko’s fan saneamde billboards en keunstobjekten by de dyk lâns. Neffens Feilich Ferkear Nederlân (VVN) liede reklamen en al soks by de wei lâns de automobilist ôf. Yn ‘e mande mei de Stifting Wittenskiplik Undersyk Ferkearsfeiligens (SWOV) wurdt no ûndersocht oft dat sa is en oft dat gefaar opsmyt, sa skriuwt it AD.

Neffens VVN moat der hoedener omgien wurde mei reklame-uterings oan ‘e dyk. Foarútrinnend op it ûndersyk seit in wurdfierder yn it AD dat dat gefaar meibringt. It soe op deselde wize wurkje as ôflieding yn ‘e auto. “Sels ‘handsfree’ beljen hat al deselde effekten op in bestjoerder as trije glêzen wyn.”

Bûtenlânske ûndersikers soenen al oanstriid hawwe om in ferbân tusken reklamen en ûngemakken te konkludearjen. It Nederlânske ûndersyk sil op syn minst in jier duorje. Dêrnei wol VVN mei it ministearje fan Ferkear en mei de provinsjes en gemeenten om ‘e tafel. Lokale oerheden hawwe eigen regels oer reklame by de dyk lâns.

jannewaris 19, 2010 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.