TU Delft en de isotope-produksje

jannewaris 27, 2010 13:48

 

As de ‘Hoge Flux Reactor’ yn Petten yn maart tichtgiet foar reparaasje, sil de ûndersyksreakter fan de TU Delft molybdeen begjinne te meitsjen foar medyske tapassings. Utgongsmateriaal dêrby binne plaatsjes mei uranium 235. Kearnen fan dat materiaal wurde troch neutroanen splitst, dêr’t ûndermear molybdee-99 by ûntstiet. Molybdeen-99 ferfalt út himsels ta technetium-99m, de isotoop dêr’t it sikehuzen úteinliks om te dwaan is. It technetium-99m, dat gau ferfalt, stjoert fotoanen út, dy’t bûten it lichem mei spesjale apparatuer detektearre wurde kinne. Sa wit in dokter wêr’t in tumor sit en hoe grut dy is.

Neffens professor Bert Wolterbeek fan it Reactor Instituut Delft (RID) sil syn ynstitút likernôch tsien persint fan de molybdeenproduksje yn Petten oernimme. Dat dekt it Nederlânske ferlet.

jannewaris 27, 2010 13:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.