Tomke-foarlêsboekje

jannewaris 27, 2010 14:20

Spesjaal foar de Nationale Voorleesdagen (bedoeld foar pjutten en beukers) hawwe de biblioteken in nijsgjirrich Tomke-foarlêsboekje makke. It wurdt yn dy perioade fergees útdield oan âlden dy’t mei harren bern yn de biblioteek komme. Fansels kinne pake en beppe ek sa’n boekje krije, om harren bernsbern út foar te lêzen. It nije foarlêsboekje hat as titel “Tomke helpt de eintsjes”. Dat past alhiel by it sintrale tema Ferkear, dat yn 2010 foar alle Tomke-uterings brûkt wurde sil. It boekje telt 16 siden, mei in opsisferske, in ferhaaltsje en fansels yllustraasjes fan Tomke, Romke en Kornelia. Boartsjendewei leare de bern dat se goed oppasse moatte by it oerstekken!

‘Tomke helpt de eintsjes’ is in kadootsje fan de Fryske biblioteken. Dit Tomke-útdielboekje wurdt dêrom allinnich troch de biblioteek ferspraat. It boekje kin ophelle wurde oant en mei 30 jannewaris. Mar as it op is, is it dien…

Tomke is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar jonge bern (pjutten). Sjoch ek de website www.tomke.nl. Dit jier is alwer de 14e edysje fan it projekt, dat mei mooglik makke wurdt troch stipe fan de Provinsje Fryslân en de measte Fryske gemeenten. Tal fan organisaasjes en frijwilligers soargje foar de útfiering. De algemiene koördinaasje leit by de Afûk en Bibliotheekservice Fryslân.

jannewaris 27, 2010 14:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.