Timmer noch net nei Vancouver

jannewaris 22, 2010 21:31

IT HEARRENFEAN – Marianne Timmer is der freed net yn slagge har te pleatsen foar de Olympyske Spullen op ’e 500 meter.
De trijefâldich olympysk kampioene waard yn de skate-off yn It Hearrenfean ôftroeve troch Thijsje Oenema. Timmer, dy’t amperoan wer fit wie nei in swiere blessuere, waard twaris rom ferslein troch Oenema dy’t har dêrmei fersekere fan in olympysk startbewiis.
Timmer hat moandei noch ien kâns om noch nei Vancouver te meien. Dan striidt se op ’e 1000 meter tsjin Natasja Bruintjes en Ireen Wüst, mei as ynset ien olympysk startbewiis.

jannewaris 22, 2010 21:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.