‘Stinzen in Friesland’
Resint ferskynd
De Fryske Akademy organisearret yn gearwurking mei Bibliotheekservice Fryslân in fjouwertal histoaryske lêzingen yn Fryske biblioteken. De twadde yn de rige fan fjouwer wurdt holden op moandei 8 febrewaris 2010 om 19.30 oere yn de bibleteek op It Hearrenfean. Drs. Paul Noomen hâldt dêr dan in lêzing oer ‘Stinzen in middeleeuws Friesland’. Ferline jier is it boek ‘De Stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners’ fan syn hân ferskynd. Noomen hat nei oanlieding dêrfan fyftjin lêzings oer dit ûnderwerp fersoarge, dêr’t in soad belangstelling foar wie. De lêste lêzing oer de stinzen wurdt op 8 febrewaris op It Hearrenfean holden. Noomen is ûnderwilens al wer drok dwaande mei nije ûndersyksprojekten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje