SP fraude Skarsterlân

jannewaris 30, 2010 19:39

It lanlik partijbestjoer fan de Sosjalistyske Partij fynt de fraude dy’t dizze wike oan it ljocht kaam by de wurkgroep Skarsterlân ûnakseptabel. De partij nimt it setten fan in falske hantekening heech op en sil sels in ûndersyk dwaan nei de wiere tadracht.

‘Leden fan in SP-wurkgroep yn Skarsterlân hawwe de hantekening fan partijfoarsitter Jan Marijnissen ferfalske, om sa, tsjin it sin fan de partijried fan de partij, dochs meidwaan te kinnen oan de kommende riedsferkiezings. It partijbestjoer nimt de saak tige heech op en sil oan de boaiem ta útsykje wat hjir spile hat en wa’t him skuldich makke hat oan falskheid yn geskrifte’, skriuwt de partij op syn eigen webside. Neffens it partijbestjoer is de hantekening mei opsetsin setten, omdat de wurkgroep wist dat it lanlik bestjoer net mei it dielnimmen oan de ferkiezings ynstimme soe. ‘De wurkgroep wist dat de partij net akkoard wie mei harren dielnimmen oan de riedsferkiezings yn ferbân mei te min tarieding dêrop en it ûntbrekken fan in selsstannige ôfdieling. De ferantwurdlikheid foar it foarfal leit dus hielendal by de wurkgroep.’  Neist boargemaster Bert Kuiper fan Skarsterlân, dy’t de haadoffisier fan justysje ynskeakele om him op eventuele ferfolchstappen te berieden, lit ek de SP witte dat se it der net by sitte litte. ‘It partijbestjoer hat besletten om in ûndersyk yn te stellen nei de wiere tadracht. It is folslein ûnakseptabel wat hjir bard is.’

jannewaris 30, 2010 19:39
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erik febrewaris 1, 21:21

    De SP wie yn Fryslân noait net folle. Hja hawwe net in protte leard fan Domela en Piter Jelles.

  2. Annette Panhuis jannewaris 14, 10:59

    Er is geen handtekening vervalst, er staat simpelweg een verkeerde handtekening onder een formulier. En dat alles omdat de SP uit Rotterdam geen interesse heeft in wat zich in Fryslân afspeelt en de werkgroep Skarsterlân negeerde. Ons aller burgemeester Kuiper had zijn taak als hoofd van de Kiesraad verzaakt, er had binnen vier dagen moeten worden gemeld dat het formulier niet conform de eisen was ingevuld, dan hadden wij ons teruggetrokken, en de zaak was afgedaan geweest. Maar waar burgemeester Kuipers er nogal wat problemen mee had dat er ook Socialisten in de raadszaal zaten bij vergaderingen, dat wij de plannen met o.a. het Nannewiid probeerden tegen te houden en dat een PvdA raadslid was overgestapt naar de sp was voorKuipers genoeg reden ons aan de schandpaal te nagelen. Ongeacht uitleg die we hebben gegeven, ondanks de onmiddelijke terugtrekking. En ondanks dat Burgemeester Kuiper van te voren op de hoogte was. In ieder geval heeft Burgemeester Kuiper nu zijn zin, de mensen die voor de natuurgebieden opkwamen, die hem dwars zaten zijn voor de rechter gekomen, en worden bestraft. Goed zo Burgemeester, zo’n stelletje socialisten, wat moet je ermee als goed christen?
    (nb natuurlijkm weten we dat het een foute inschatting was, en dat we het achteraf anders hadden moeten aanpakken. Maar ja, dat krijg je als je vertrouwt op de steun van je partij…)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.