Russysk skaakteam wrâldkampioen

jannewaris 14, 2010 18:00

BURSA – It Russysk skaakteam is woansdei yn it Turkske plak Bursa wrâldkampioen skaken wurden.
It fjouwertal Alexander Grisjoek, Evgeni Tomasjevski, Valdimir Malachov en Nikita Vitjoegov brocht yn de njoggende en lêste omloop de titel feilich troch Israël, mei Brois Gelfand as meast bekende spiler, mei 3-1 te ferslaan.
De Amerikaanske ploech einige op it twadde plak troch in lykspul tsjin Azerbeidzjan, dat dêrtroch fan it poadium foel. India pakte ek sûnder stjêrspiler Viswanathan Anand it brûns, mei tank oan in eklatante oerwinning op Brazilië (3 1/2 – 1/2). Nederlân die net mei yn Bursa.

jannewaris 14, 2010 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.