Pykgasynstallaasje Alkmaar draait oeroeren

jannewaris 12, 2010 08:22 Fernijd

De pykgasynstallaasje yn Alkmaar draait op it stuit op folle krêft om oan de fraach om ierdgas te foldwaan. De sintrale hat foar de hiele winter in kapasiteit fan 500 miljoen kubike meter gas. Troch it kâlde waar fan de ôfrûne wiken is dêrfan al hast de helte (232 miljoen kubike meter) brûkt.

Dat makke de eigner fan de pykgasynstallaasje, it enerzjybedriuw Taqa Energy, snein bekend. It bedriuw ferwachte snein noch oer de helte fan de foarrie te gean.

De pykgasynstallaasje yn Alkmaar leveret opsleine gasreserves yn it Alkmaar-gasfjild oan it lanlike gastransportnet. Enerzjybedriuwen dy’t op dit netwurk oansletten binne, kinne by in grutte fraach dit gas foar har klanten oansprekke.

It Alkmaar-gasfjild befettet permanint likernôch trije miljard kubike meter gas. Dêrby wurdt de noch oerbleaune rûmte jierliks folle mei maksimaal 500 miljoen kubike meter oan ekstra foarrie. It eksakte tal is fariabel en hinget ôf fan it ferbrûk yn de foargeande winterperioade. It ‘byfoljen’ fan it gasfjild bart yn de moannen april oant en mei oktober.

jannewaris 12, 2010 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.