PWN suveret wetter foar Haïtianen

jannewaris 27, 2010 09:23

 

 

Sân Perfector-E wettersuveringsienheden fan it Provinciaal Waterleidingsbedrijf van Noord-Holland (PWN) helpe yn Haïti yn it grutte ferlet fan skjin drinkwetter te foarsjen. PWN stjoerde begjin ferline wike mei de ynstallaasjes ek seis monteurs nei it troffen gebiet, yn itselde fleantúch dat adopsjebern ophelje soe.

De ynstallaasjes binne troch PWN en Norit/X-Flow ûntwikkele en se hawwe foar it earst op gruttere skeal tsjinst op Atjeh dien, neidat dat part fan Sumatra yn 2004 troch de tsunamy troffen wie.

De ienheden dy’t  250 kg wage, meitsje fan smoarch wetter drinkwetter troch in kombinaasje fan membraanfiltraasje (mei help fan aktyf koal) en desynfeksje troch ultrafiolet ljocht.  Foar ien ienheid is foar de wetttersuvering ferlet fan in generater fan 5 kW, of fan in oansluting op in elektrisiteitsnet fan 220V.

De Perfector-E moat neffens de ûntwerpers trije moanne ûnderhâldsfrij produsearje kinne mei in kapasiteit fan twatûzen liter yn ’e oere .

jannewaris 27, 2010 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.