Menameradiel ferfrysket
Resint ferskynd
Mei yngong fan 1 jannewaris 2010 binne de adressen yn de gemeente Menameradiel feroare yn Fryske adressen. Dat is allegearre mei stille trom bard. De gemeente hat foar de boargers it allegearre hiel maklik makke troch de adreswiziging troch te jaan oan de NUON, UPC, ESSENT, TNT, Vitens en de meldkeamer regio Fryslân.
Plaknammen yn de gemeente Menameradiel
Âlde namme | Fryske namme |
Beetgum | Bitgum |
Beegumermolen | Bitgummole |
Berlikum | Berltsum |
Blessum | Blessum |
Boksum | Boksum |
Deinum | Deinum |
Engelum | Ingelum |
Dronrijp | Dronryp |
Marssum | Marsum |
Menaldum | Menaam |
Schingen | Skingen |
Slappeterp | Slappeterp |
Wier | Wier |
Lokwinske! Ik lies nammers dat se yn Frjentsjeradiel net keazen ha foar Frysktalige plaknammen. En hoe wie dat no ek alwer yn Wymbrits? Is dat no trochgong?
Jim moatte it knopke ”Plaats reactie” hjirûnder ek noch mar efkes ‘ferfryskje’.
Mei de plaknammen hoecht niks ‘ferfryske’ te wurden. Dy plakken wienen altyd al Frysk! Wekker wurde redaksje!