Krûpelhintsjes boek fan it jier

jannewaris 14, 2010 09:32

It printeboek Krûpelhintsjes, skreaun troch Auck Peanstra, is in boek mei ferskes en opsisferskes foar jonge bern. It is troch de Stichting It Fryske Berneboek, foar de Nasjonale Foarlêsdagen, keazen ta Frysk printeboek fan it jier. De ferskes, yn kombinaasje mei de prachtige kleurige yllustraasjes fan Yke Reeder, ha fan it boek in bysûnder printeboek makke. De tekeningen binne in oanfolling op de tekst en op alle siden is in krûpelhintsje (leavehearsbistke) ferstoppe. It boek is útjûn troch de Afûk.

De Nasjonale Foarlêsdagen wurde holden fan 20 oant 30 jannewaris. De doelgroepen binne yn it foarste plak pjutten en beukers. De Stichting It Fryske Berneboek wol mei de ferkiezing fan in Frysk printeboek fan it jier in alternatyf biede foar it foarlêzen yn it Nederlânsk.
Op de website fan de stichting, www.itfryskeberneboek.nl, kinne skoallen, pjutteboartersplakken en berne-opfang ynformaasje fine oer Fryske foarlêsboeken. Krûpelhintsjes kin boppedat tusken 20 en 30 jannewaris foar in grut part fan dat webstee delladen wurde.
Ek âldere bern genietsje likegoed fan in moai ferhaal. Dêrom binne út de ferhalebondel fan Eppie Dam, De elandkop fan omke Romke (Afûk), trije ferhalen keazen foar op it webstee.
Utjouwerij Audiofrysk hat it boek Help in hûn fan Anny de Jong beskikber steld. Dat boek is koartlyn as harkboek útjûn en kin yn de Foarlêsdagen fia it webstee fan It Fryske Berneboek beharke wurde.
Dêrnjonken is it mooglik in kar te meitsjen út in taheakke boekelist. Skoallen, pjutteboartersplakken en berne-opfang binne ynformearre oer it inisjatyf fan de Stichting It Fryske Berneboek.

Boarne: It Fryske Boek

jannewaris 14, 2010 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.