Jagers alarmearje kearnwapenfabryk FS
Resint ferskynd
Twa manlju yn kamûflaazjepakken mei jachtgewearen hawwe moandei yn Teksas foar nochal wat trelit soarge by it iennichste fabryk yn de Feriene Steaten dêr’t kearnwapens yninoarset of útinoar helle wurde.
De manlju holden har op likernôch trije kilometer súdlik fan de Pantex-fabryk yn Amarillo op. Meiwurkers fan it fabryk stelden liedingjaanden op ’e hichte, dy’t dêrnei de polysje warskôgen. Ut foarsoarch waarden alle tagongen ôfsletten en mocht net ien it fabryk mear yn of út.
It die bliken dat de jagers detasjearre meiwurkers fan it departemint fan enerzjysaken wiene, dat ek ferantwurdlik is foar kearnladings fan wapens. Se hawwe net op it terrein fan it fabryk west en wiene legaal op de guozzejacht, sa sei de polysje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje