Earbellen Maradona feild

jannewaris 8, 2010 19:12

Diego Armando Maradona hat in miljoeneskuld by de Italiaanske fiskus. Om in part fan dy sinten werom te krijen, hawwe de Italianen earbellen fan ’e Argentynske âld-fuotballer yn beslach naam.

Maradona, no bûnscoach fan it Argentynsk nasjonaal alvetal, boude yn ’e jierren tachtich en njoggentich in belestingskuld fan 37 miljoen euro op yn Italië, dêr’t er sân seizoenen spile. De ôflossing fan ’e skuld is nochal dreech ferrûn. Yn maart 2009 hie Maradona noch mar 42.000 euro betelle.

Earbellen
Doe’t de Argentyn yn septimber 2009 in Italiaanske ôffalklinyk besocht, griep de fiskus syn kâns en naam twa fan syn earbellen yn beslach. De juwelen, goud mei diamanten, sille no by opbod ferkocht wurde om in lyts part fan ’e skuld werom te beteljen.

It minimumbod op de earbellen is likernôch 4.000 euro, meldt parsebedriuw Reuters. Neffens it parsebedriuw binne fans fan Napoli, de klup dêr’t Maradona Italiaansk lânskampioen waard, ûnderwilens mei in ynsamlingsaksje út ein set om te bieden op de earbellen. It wie nammers net de earste kear dat de Italiaanske belestingtsjinst persoanlik besit fan Maradona ynnaam. Yn 2006 moast de Argentyn by in besite oan Napels al ris twa djoere horloazjes ôfstean.

jannewaris 8, 2010 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.