It doel hilliget de middels?

jannewaris 22, 2010 10:19

Tongersdei wie it wer sa fier. De grutte ynsammelaksje foar de minsken dy’t de ierdskokken oerlibbe ha. “Nederlân lit him fan syn bêste kant sjen”, hjit it dan. De opbringst liicht der net om: it komt alles mei-elkoar miskien wol op € 100 miljoen. Dat is moai fansels.
Op it gefaar ôf dat der no sein wurdt dat der altyd wol wat te seuren is, dochs in pear kanttekens:

  • Sa’n mediumaksje is wol hiel wat oars as it thús oermeitsjen fan in bedrach fan achter de kompjûter of mei in eigen oerskriuwformulier. Jouwe se allegearre omdat it har sa oan it hert giet wat der op Haïti bard is of wolle se har kop graach op de televyzje ha? It stiet yn alle gefallen fier ôf fan de bibelske wiisheid: “lit jo linkerhân net witte wat jo rjochter docht”.
  • Jildt dat ek net wat foar al dy lju dy’t belangeleas foar ot fuotljocht komme om der in grut spektakel fan te meitsjen? Ik kin der net al te lang nei sjen. It wurdt sa gau in demonstraasje fan “sjoch my ris hoe’t ik my foar de meiminske ynset”.
  • Hielendal ha ik my besaud doe’t ik Scheringa en Wilders troch it byld skowen seach. De earste hat in spoar fan fernielings yn in bulte húshâldings efter litten, wylst de twadde him op syn sêftst sein net altyd like sosjaal opstelt nei de kleure meiminsken ta.

Of moatte wy hjir mar gewoan de âlde stelling op tapasse: it doel hilliget de middels? JvdB

jannewaris 22, 2010 10:19
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. K. Koopmans jannewaris 22, 19:11

    It moaie fan sa’n aksje is dat der wat feur set wurdt tsjinoer alle ellinde yn Haïti. Mar oan dat sirkus meidwaan, nee, dat kin ik ek net.

  2. merkbiter jannewaris 23, 10:51

    ek ik ha dit ,,sirkus”mei mingde gefoelens oanskôge.
    ik kin der neat oandwaan mar moat derbij tinke oan it bibelske ferhaal fan de farizeer,dy ‘t op ‘e hoeke fan de strjitte stean gong te bidden,om foaral sjen te litten hoe ,,goed “as hij wol wie.
    it leed yn Haity is mei gjin pinne te beskriuwen,mar ik ha mear respekt foar minsken dy ‘t sûnder franje har bijdrage oermeitsje.

  3. nijshapper jannewaris 24, 15:54

    Sjoch net allinne nei de tillefyzje. Oan de doar kamen in pear famkes, dy’t fregen of der noch staasjejild flessen wiene. Sjoch dat barde ek. En der waarden fierder hiel wat aksjes ûndernommen, dêr’t jo niget oan hawwe koene. Al mei al is it ek wol maklik om te sizzen hoe as it net moat. Lit der in soad dien wurde mei al dat jild, soe’k sizze en net seure!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.