Grêven fan piramidebouwers ûntdutsen

jannewaris 11, 2010 09:34 Fernijd

Egyptyske argeologen hawwe grêven fûn fan arbeiders dy’t holpen hawwe by de bou fan de piramiden fan Gizeh. De grêven binne likernôch 4000 jier âld. Se lizze flakby de haadstêd Cairo.

De grêven binne makke fan in mingsel fan stien, klei en sân. Der lizze allinnich arbeiders yn de grêven dy’t by it wurk om it libben kaam binne.

Yn 1990 waarden foar it earst grêven fan piramidebouwers fûn. Troch dy ûntdekking wisten argeologen dat de piramiden makke binne troch arbeiders en net troch slaven. Neffens histoarisy soenen slaven net te hôf brocht wurde by in piramide.

jannewaris 11, 2010 09:34 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaske jannewaris 12, 11:50

    leaver dea as slaaf

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.