Geuzepinning foar fredesbemiddeler

jannewaris 9, 2010 09:52

De Geuzepinning 2010 is oan de Ugandeeske fredesbemiddeler Betty Bigombe takend. Dat hat de stichting Geuzenverzet 1940 – 1945, dy’t de pinning útrikt, bekend makke. De útrikking fan ’e pinning sil op 13 maart yn Vlaardingen plakhawwe.

Neffens de stichting wurdt Bigombe oer de hiele wrâld erkend as ien fan ’e wichtichste ûnderhannelers yn it konflikt tusken it Ugandeeske regear en de rebellebeweging LRA. Sy ûnderhannele bygelyks persoanlik mei de lieders fan de LRA. En sokken binne mar tin siedde.

De Geuzepinning wurdt sûnt 1987 alle jierren útrikt oan minsken of organisaasjes dy’t harren ynset hawwe yn de striid foar demokrasy en tsjin diktatuer, rasisme en diskriminaasje.
Earder wûn ûnder oaren de Syryske minskerjochteferdigener Haytham al-Maleh de pinning.

De Syriër waard yn oktober troch de feilichheidstsjinst oppakt, neidat er in interview mei in ûnôfhinklike televysjestjoerder hân hie.
Minister fan Bûtenlânske Saken Maxime Verhagen (CDA) frege lêstendeis noch mei klam oan de Syryske presidint om Al-Maleh yn earsten frij te litten.

jannewaris 9, 2010 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.