Gedicht: Mordicus Frisia

jannewaris 14, 2010 07:01 Fernijd

’k Bin derop tsjin, in spraakgebrek
fan ’t ,‘klootjesvolk’ sa út de drek.
Ja in taal fan twadd’ alloai,
ûnbeskaafd en ek net moai.

No kaai en redens gau opdoeke,
tenei mar sleutel en schaatsen, brûke.
Better as dat Frysk gewauwel,
ja it is mij hast in grouwel.

Dy Fryske spraak it is mij neat
Derfoar bin wij te geleard
Ús bern leare no it A.B.N.
Je kin dat sa wol oan har sjen.

Sij kin har folle better rêde,
hjitte no Ferry ynpleats fan Fedde.
Soks klinkt dochs folle better
as sa’n ûnbehouwen Fryske letter.

Wês waach dochs, Friezen, lit jim heare,
lit jim net troch oaren leare
hoe at jim libje en wurkje wolle.
It mankeart jim dochs net oan ’e holle?

Hâld jim spraak en taal yn eare
sa ryk yn wurden en gebaar,
al ieuwenlang as pearel tusken
mannich folk en kultuerbarbaar.

merkbiter

jannewaris 14, 2010 07:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Harry Bouwhuis desimber 25, 09:36

    Ik kom hjir pas mei de Kryst 2011 ris efkes sjen.

    Wat is dit?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.