Gedicht: It labyrint
Resint ferskynd
Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my.
Lês mar ris fierder. Bauke Miedema út Menaam.
wat is it paad
wêr is de wei
te gean
yn ’t labyrint
fan it bestean
ik klooi no mar wat oan
it liket wol
as ha ’k net meer ferstân
wêr is de sin
wat is it doel
ik kin it nergens fine
bliuw sitten mei de pine
fertriet ferlammet
en foar’t ik it wit
ha ’k al wer spyt
fan wat ik doch as lit
se sizze
do komst hjir wol trochhinne
sjoch yn ’t rûn hoe ’t it ek kin
fierwei de measte minsken
meitsje de sin
en bin dêryn net sinnich
sizze se
se sizze
pak oan wat dy net sint
kinst elke dei opnij begjinne
do bist it net allinne
dat ’s moai
je soenen ’t hast noch leauwe
ik sjoch út nei it wûnder
ik wol net kopke-ûnder
Ast net tenûnder gean wolst oan de pine en it fertriet, moast dysels tastean ris in kear goed lilk te wurdn.
Betink in broer dy’t foar dy opkomt en boppe de minne minsken stiet dy’t dy ta slachtoffer makke ha. Meitsje dy lilk op de maatskippy dy’t wier net goed is foar minsken dy’t gefoel ha sa as dy.
Stypje dysels. Lês myn stikjes. Wurd myn niefolger.
Sukses.
Hoi Klaske,
Do mienst it goed mei mij mar do slachst de planke mis.
Asto in earm famke as in siik jonkje beskriuwst wol dat
dochs net sizze dasto sels earm as siik bist ?
De ik-foarm yn it gedicht hat dij ferrifele.
Ik fiel mij poerbêst.
Myn frou komt wol foar mij op ; wij kin gesellich
tsjin elkoar oanseure , krekt sa ’t it heart !
Ik sil dij sa no en dan folgje op It Nijs.
Mar neifolgje ?
Ik bin net sa’n bêstenien !
Ik wie even ferjitten dat de liter♠re ik net deselde is as de iegen ik. wylst ik der sels ek wat fan kin. Ast net sa’n bêstenien bist, hoe bist dan echt?
Klaske, dyn earste reaksje op it gedicht wie sa ûngefear :
de bêste man hat it mar min troffen yn it libben.
Doe tocht ik : sa’n bêstenien bin ik no ek wer net .
It mat mar net fierder, mar stikem tink ik wolris
dat minsken earder lêst fan mij ha as ik fan de minsken.
Oars sein : net al te gau it bij in oar sykje.
Eins bin ik dus ek wol wer in bêstenien.
Ha twee friese dames,
Volgens mij zijn jullie een beetje aan het zeuren.
Of aan het navelstaren.
En verder vind ik het knap dat iemand zijn gedicht zo durft te publiceren.
heel goed,en geniet verder maar van het mooie weer.
groetjes uit Bunnik
Wat je zegt dat ben je zelf