Freire set foar it earst útein yn Giro

jannewaris 7, 2010 09:40

RIJSWIJK – Rabobank-hurdfytser Oscar Freire sil fan ’t jier foar it earst úteinsette by de Omgong fan Italië. Dat hat de Spaanske coureur op ’e hiemside Biciciclismo sein. De Giro begjint dit jier yn Amsterdam.
‘De start is yn Nederlân, dus woe de ploeg graach dat ik meidwaan soe’, seit Freire op de Spaanske hiemside. ‘Ik tink dat dizze fytserij my wol leit. It oankommen is swierder en de koers is foar de ploegen slimmer yn ’e gaten te hâlden. Dêr lizze foar my kânsen. Ik soe graach in etappe winne wolle.’
De trijefâldich wrâldkampioen liet him yn datselde fraachpetear ûntfalle dat er net langer fan plan is om ein 2010 te stopjen mei fytsen. ‘Ik haw de beslissing min of mear nommen. Ik wol fierder yn 2011’, sa seit Freire.  ‘Myn doel is om dit jier goed te prestearjen. As dat slagget, gean ik troch.’
De 34-jierrige hurdfytser rydt al sân seizoenen by Rabobank en liket ek foar 2011 in foarkar te hawwen foar de Nederlânske formaasje. ‘It is goed organisearre en ik fiel my hjir o sa op myn gemak. Sportyf binne der miskien sterkere ploegen, mar alles yn beskôging nommen, soe it dreech wêze om in bettere ploech te finen.’

jannewaris 7, 2010 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.