Foardrachten Literêr Sirkwy

jannewaris 15, 2010 13:43

Op Gedichtedei, 28 jannewaris, komt it Literêr Sirkwy nei De Jouwer. Under mear Jabik Veenbaas, Ytsje Hettinga en Hidde Boersma sille harren gedichten foar it fuotljocht bringe. Jabik Veenbaas is net allinne dichter, hy skreau ek ferhalebondels en essees. Syn lêste bondel De sinne, it smelle bêd, myn lichem ferskynde ek yn it Nederlânsk. Dêrneist sette hy, tegearre mei Willem Visser, in tal filosofyske wurken fan Immanuel Kant oer yn. Ytsje Hettinga skriuwt ferhalen en gedichten mar is benammen bekend as skriuwster foar toaniel, ûnder mear foar Sult dêr’t se sels ek yn spilet. Hidde Boersma is de nijste stjêr oan it Frysk-literêre firmamint. Yn 2008 debutearre er mei de bondel De rop om Doede, dit jier ferskynt in aventoerebondel en in roman oer de Gewoanste Man fan Fryslân.
Foar it publyk is it in unike gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei sawol poëzy yn it Frysk as yn it Stellingwarfs, de taal dêr’t Piet Bult en Roely Bakker harren wurk yn hearre litte sille.

De foardrachten wurde ôfwiksele mei optredens fan pianist Wiebe Kaspers en saksofonist Johan Postma. Wiebe Kaspers is treddejiersstudint piano jazz en klassyk op it konservatoarium yn Zwolle. Hy spilet piano fan syn fyfde ôf, en spilet hieltyd mear ynstruminten. Hy skriuwt ek graach teksten, Frysk en Hollânsk, foaral foar syn kabaret-duo (mei Tim Hammer). Op 28 jannewaris komt er nei It Binnenplak mei Johan Postma dy’t foar dosint muzyk studearret. Hy spilet saksofoan, arranzjearret, en is hiel muzikaal.
De presintaasje is yn hannen fan Edwin de Groot.

Tongersdei 28 january, de jûns om 20.00 oere
Museum Joure, Lokaasje It Binnenplak, Midstrjitte 99, De Jouwer
Tagongspriis is € 3,50

It Literêr Sirkwy is in rige foarstellingen mei alle kearen oare dichters en muzyk. De oare data binne: 21 febrewaris yn it Museum Belvedêre en 28 maart yn it Drachtster Museum. Mear ynformaasje: Edwin de Groot (0513-627779 of edgroot@tomaatnet.nl)

jannewaris 15, 2010 13:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.