FFG komt tasizzing nei!

jannewaris 23, 2010 15:34

Ofrûne nacht, freed 22 jannewaris, is de Frije Fryske Grûn yn aksje kaam. Nei oanlieding fan de diskusje fan ôfrûne wike oer ‘TON & de FFG hat de Frije Fryske Grûn affysjes meitsje litten. Dy binne rûnom (en legaal!) yn It Hearrenfean ophongen. Wy wolle dat Verdonk ôfstân docht fan har útspraken omtrint it opheffen fan de Fryske bestjoerslaach. Friezen wurde bestjoerd troch demokratysk keazen Friezen!

Wat soe Rita der fan fine as Nederlân regearre wurde soe troch Brussel? Dat is foar ús Friezen itselde. Wat Rita Verdonk wol, is dat Fryslân bestjoerlik net mear bestiet. Dat se besunigje wol op it amtnerapparaat is har motivaasje, mar dan soe in fermindering fan it tal sitten yn de steaten dochs besprekber wêze? De Friezen binne in erkende nasjonale minderheid. Dútslân is al troch Europa op ‘e fingers tikke doe’t it de bestjoerlike ienheid Noard-Fryslân opheffe woen. It Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden, dat ek troch De Haach ratifisearre is, joech de trochslach. Rita, doch dyn húswurk!

Om as folk gjin eigen bestjoer hawwe te meien, is in direkte oanfal op it Fryske folk. Foar it folk opkomme is it earste dat men docht en is altyd legitym. Dat wy dat no op in legale wize dogge, dêr binne wy tige grutsk op.

Mei freonlike groetnis,
Pier Schuurstra
Frije Fryske Grûn

Sjoch foar mear info: www.frijefryskegrun.tk

jannewaris 23, 2010 15:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erik jannewaris 24, 00:00

    Komt tasizzing nei….. Dat wie wol it minste. Hja hienen tasein dat se de posters fuorthelje soenen. No kin Rita de plysje net mear op de FFG ôfstjoere. Ik hie hope op mear spektakel. Hawar, ik fyn dit wol in moaie aksje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.