Eutanasy by demintens ûnmooglik?

jannewaris 7, 2010 19:53

In protte dokters tinke dat eutanasy by demintens ûnmooglik is. Yn 2009 is it tal eutanasygefallen dat melden is, omheech gien oant 2500. Foar it earst is ek bekend makke hoe faak dat eutanasy by deminte âldere lju yn Nederlân melden is.

Neffens algemien foarsitter Suyver fan de regionale toetsingskommisjes, op sneon 2 jannewaris te gast yn NOVA, kin sprutsen wurde fan in strukturele stiging fan it tal eutanasygefallen it jier. Yn 2006 waard goed 1900 kear eutanast melden. Dêrnei gyng it tal melde gefallen jierliks mei likernôch 200 gefallen omheech.

Demintens
Foar it earst is ek bekend makke hoe faak dat yn Nederlân eutanasy by deminte âldere lju melden is. Op fersyk fan NOVA joech Suyver de sifers fan 2003, doe’t eutanasy foar it earst by de toetsingskommisje melden wurde koe. Tusken 2003 en 2009 giet it om mei-inoar 22 eutanasygefallen by pasjinten dy’t demintearren.

Ferline jier waarden de measte meldingen fan eutanasy by deminten melden, nammentlik seis. Yn de jierren dêrfoar rûn it oantal stadich op fan íén yn 2003 oant fiif yn 2008. Yn alle melde gefallen is de eutanasy troch de toetsingskommisje goedkard. Neffens Suyver giet it om pasjinten dy’t noch yn in lichte faze fan demint wêzen ferkeare en harren deawinsk noch selsstandich uterje kinne.

Lijen
Neffens dr. Cees Hertogh, heechlearaar âldereingenêskunde, tinke in protte dokters yn Nederlân dat eutanasy net mooglik is as in pasjint oan demintens lijt. “Dat is ûnsin en it gefolch fan ûnwittendheid. It giet om it lijen; net om de diagnoaze. By eutansy giet it derom dat de pasjint syn lijen sjocht as ûndraachlik en útsichtleas.” De dokter moat der neffens Hertogh fan oertsjûge wêze dat dat yndied by de pasjint sa libbet en dat der gjin alternatyf is om it lijen te ferlichtsjen. “Dan giet it der net om oft de pasjint terminaal siik is, want terminaal siik wêze is gjin kritearium by eutanasy”, sa seit Hertogh.

Ferpleechhûs
Yn NOVA fertelt in hûsdokter dat se eutanasy tapast hat by in demintearjende frou fan 67 jier dy’t net yn in ferpleechhûs opnommen wurde woe. Se hie by har heit sjoen hoe slim dat wie en woe dat sels net meimeitsje. De dokter erkent dat har lijen foaral bestie út eangst foar de takomst. De dokter koe har dêryn ynlibje en stimde ta. Dy eutanasy waard ek melden en troch de toetsingskommisje goedkard.

Tsjin
It CDA en de ChristenUnie binne tsjin eutanasy by demintearjenden. Sy sille by minister Hirsch Ballin fan Justysje oan de oarder stelle hoe’t it mooglik is dat eutanasy by pasjinten tastien wurdt, allinnich mar omdat se bang foar opname yn in ferpleechhûs binne.

jannewaris 7, 2010 19:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.