EU en de stille auto

jannewaris 11, 2010 07:56

Stille elektryske weinen sille dochs op ien of oare wize lûd meitsje moatte. Europeesk Kommissaris Günter Verheugen (yndustry) hat dat antwurde op skriftlike fragen fan de Belgyske Europarlemintariër Ivo Belet.
It docht bliken dat stille auto’s te ûnfeilich binne. Neffens de kristendemokraat Belet barre der relatyf in soad ûngemakken mei hybride weinen trochdat lju op ‘e dyk se net oankommen hearre. De Europeeske Kommisje is har ek bewust fan ‘potinsjele feilichheidsrisiko’s as stille weinen, lykas hybride en elektryske auto’s, net op ‘e tiid troch fuotgongers en oare kwetsbere ferkearsdielnimmers opmurken wurde’, skriuwt Verheugen.
In wurkgroep sil in lûdssysteem ûntwikkelje dêr’t minsken op ‘e dyk har in goed oardiel mei foarmje kinne oer it plak, de rjochting en de faasje fan rydtugen om gefaar te mijen’, mient de eurokommissaris.

jannewaris 11, 2010 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.