Djoere dronken bui foar Est
Resint ferskynd
In dronken Est hat in boete fan 15.000 Singaporese dollars (7600 euro) oplein krige, omdat er oan board fan in fleanmasine in steward besocht te slaan en besocht in passazjier te tútsjen. Dat sizze Aziatyske media tiisdei op grûn fan ynformaasje fan in funksjonaris fan de rjochtbank yn Singapore.
De 41-jierrige man hat tajûn dat er dronken wie en de feiligens yn gefaar brocht hat op de flecht fan Frankfurt nei Singapore. De man, in skipsyngenieur, hat fierder in monitor yn de stoel foar him fernield. De fleanmasine waard omlaat oer Dubai.
Mocht de Est de boete net betelje kinne, dan moat er njoggen moanne yn de finzenis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje