De Friezetsjerke yn Rome

jannewaris 23, 2010 08:46

[imagebrowser id=4]
Yn Swingel 24 skreau Klaske Straatsma oer in Fryske les yn it Fatikaan. It tafal wol dat de frou en ik mei kunde fan ús in pear wike letter ek yn Rome wiene en dêr fansels in besite oan de Friezetsjerke bringe woene. Wa’t net krekt wit wêr’t dy te finen is komt mei it freegjen nei de Friezetsjerke by de Romeinen net folle fierder. Sels by de toeristeburo’s hie nimmen fan de Friezetsjerke heard. Mei de Frisianchurch koene se gjin kant út.

Wy hiene mei ús kemper in plakje fûn op in kreaze kemping yn it noarden fan Rome (Camping Flaminio yn de wyk mei deselde namme). Op de kemping wiene ferskate ekskurzjemooglikheden te keap. Om net mei de kemper fierder Rome yn te hoegen, namen wy in kaartsje foar fjouwer dagen frij-iepenbier ferfier (trein, bus, metro en iepen dûbeldekkers). Dat hat ús skoan foldien omdat men dan nearne mear kaartsjes hoecht te keapjen en yn- en útstappe kin dêr’t men wol.
Us earste rit wie nei it toeristeburo by it Fatikaan, dêr’t wy noch wat mear ynformaasje sammelje woene. Omdat it ús earste kear yn Rome wie, fregen wy dêr hoe’t wy de Friezetsjerke fine moasten. De eachjes fan it frommeske efter de baly seagen ús net begripend oan. Der wiene safolle tsjerken en se koe se hast allegearre opneame, mar fan de Friezetsjerke hie se nea heard. Se woe har kollega’s wol eefkes freegje. Ek dy seagen ús oan as kamen wy fan in oare planeet en sa’t dat by Italianen giet, al rillegau stiene der in stik of fiif minsken mei elkoar yn it Italiaansk en Ingelsk oer it fenomeen Friezetsjerke te keakeljen. It like ús mar better ta om it petear te litten foar wat it wie: ien fan ús hie om it hoekje in hege stiennen trep sjoen dy’t neffens har wolris nei de Friezetsjerke liede kinne soe. Yn har ûnthâld moast men in hege trep op om dêr te kommen en wy wisten dat it fuortby it Fatikaan wêze moast. En ja hear, doe’t wy nei dy trep ta rûnen seagen wy in Nederlânske flagge hingjen. Boppe waarden wy hertlik ûntfongen troch in gastfrou fan de Friezetsjerke.
Benammen fan it toeristeburo, dat dêr noch gjin fyftich meter fan ôf is, deun njonken it Fatikaanplein, ferwachtet men dat se de Friezetsjerke kenne. Wy hawwe harren letter ferteld dat wy de tsjerke fûn hiene. Doe ljochten de eachjes op: o, jo bedoelden de Michaël- en Magnustsjerke. Wy hawwe har mar net mear wizer makke oer de Friezen en har omballingen yn Rome, want dat is in lang ferhaal.

Dat lange ferhaal is û.o. opskreaun troch biskop Muskens. Dy hat dêr in boek fan mear as 350 siden oer skreaun. Eins moat men sa’n boek lêze foar’t men der hinnegiet. Dan sjocht men folle mear. Muskens hat it nei myn gefoel mei respekt foar de pylgers skreaun en hoewol’t de Nederlanners de tsjerke as in stikje fan har fiele, fertelt Muskens moai dúdlik de skiednis fan de Friezen mei har tsjerke út in tiid dat der noch gjin sprake wie fan Nederlân. Muskens is lid fan de Fryske Akademy. Hy fertelt mei passy oer it stikje grûn fan de Friezen yn it fiere Rome, want sa waard dat field troch de pylgers dy’t nei in meastal gefaarlike en drege reis opfongen waarden troch har lânslju yn de eigen schola . Pylgers út it easten en it westen kamen nei Rome ta om te bidden, te meditearjen en jeften te bringen op it plak dêr’t fan tocht waard dat de apostel Petrus dêr begroeven lei. Dat plak wie yn de wyk dy’t no noch Trastevere hjit. Krekt oan de oare kant fan de Tiber, foar dat Trastevere oer, hiene de Joaden, as keaplju en lytse ûndernimmers, har al foar de jiertelling nei wenjen set. Wy seagen dêr no noch in synagoge stean. De apostels Paulus en Petrus sochten fansels har eigen folk op doe’t se yn Rome begûnen te preekjen. Dat hiene se sa ek dien yn Lyts-Azië (it hjoeddeiske Turkije) en Grikelân. It is dan ek wol oannimlik dat Petrus begroeven is op it begraafplak yn Trastevere, dêr’t Joaden en rike Romeinen leine. Nei de earste ieu nei Kristus kamen ek in protte Joaden nei har dea yn de katakomben telâne. Oft it grêf dat letter as it grêf fan Petrus oanwiisd is, it echte grêf is, kin men twivels oer hawwe. Muskens liket der wol fan oertsjûge te wêzen dat de bonken dy’t no yn de Sint Pitertsjerke lizze, de bonken fan Petrus binne. Feit is wol dat letter it plak fan de eardere necropolis (begraafplak) en it saneamde sirkus fan Nero it sintrum waard fan it Fatikaan en alles wat mei de Roomske tsjerke te krijen hat.

As keizer Konstantyn I yn 313 kristen wurdt en dêrmei ek tagelyk in ein oan de ferfolging makket, lit er in basilyk bouwe op it plak dêr’t Petrus begroeven wêze soe, neidat er earder al de Basilyk fan Sint Jan fan Lateranen boud hie, bedoeld foar tsjerklike gearkomsten. It is in soarte fan mausoleum foar Petrus. Der wie yn de omkriten ek al sa’n bouwurk yn de flakte fan Nero, neamd nei de man dy’t Petrus oan syn ein holpen hie, it mausoleum foar Hadrianus. Men mei derfan útgean dat de doar fan it mausoleum fan Petrus yn de begjinjierren net platrûn is. Pas letter kaam de stream fan minsken dy’t it mausoleum opsochten om in lampke oan te stekken, te sjongen en te bidden, op gong. Nei Konstantyn waard it in roerige tiid troch de saneamde folksferhuzing. Hiele folken waarden fan har plak ferdreaun troch stammen dy’t op har beurt wer op de flecht wiene foar oare folken . It âlde machtige Romeinske Ryk rekke yn ferfal. De Romeinske legers koene net oeral tagelyk wêze en de piid wie der ek foar in grut part út, mei troch de rûzjes ûnderinoar.
Yn de fiifde ieu, as de biskop fan Rome, de paus, de tsjerke bestjoerlik yn de macht begjint te krijen, komt de stream pylgers op gong. Ek fan de oare kant fan de Alpen komme se nei Rome. It tsjerklik toerisme kriget syn earste ûntjouwing. De besikers moatte foar langere tiid opfongen wurde en guon wolle sels net wer nei hûs ta, mar yn Rome bliuwe. Sa wurdt ek it earste kleaster by it mausoleum stifte oan de ein fan de fiifde ieu: in plak dêr’t in protte minsken in ûnderkommen fûnen. Ut dy tiid, oan de ein fan de seisde ieu, komt de leginde fan de earste nammejouwer fan de Friezetsjerke. Doe’t Gregoarius de Grutte paus wie, briek yn Rome in grutte pestsykte út. De minsken wisten net wêr’t se it sykje moasten; in grut part fan de Romeinske befolking stoar. De paus organisearre dêrom in boete- en bidprosesje fan de Santa Maria Maggiore nei de Sint Piter mei it doel God te ferbidden om de pest ho te hâlden. Elts dy’t mar rinne koe, moast meidwaan. In diaken hat it allegearre kreas opskreaun hoe’t de optocht him bewege moast. Doe’t de tocht oer de Tiber gong, seagen se boppe it mausoleum fan keizer Hadrianus (symboal fan de ierdske macht) de aartsingel Michaël sweven, dy’t syn swurd yn de hâlder stiek. It wie foar harren it teken dat de pest ophâlde soe. As tank stifte de paus njoggen tsjerken dy’t oan Michaël wijd waarden. Dêrfan is hjoed-de-dei allinnich de Friezetsjerke noch oer. It ferklearret de earste helte fan de offisjele namme fan de tsjerke. Sûnt dy tiid waard it mausoleum fan Hadrianus ek de Ingeleboarch neamd. Boppe-op it mausoleum kaam in byld fan Michaël te stean en folle letter kaam it yn 1575 troch de Italiaan Ricciolini makke skilderij boppe it âlde alter te hingjen (sjoch foto fan ynterieur). Yn beide ôfbyldingen sjocht men Michaël syn swurd yn de skie stekken, as symboal foar de ein fan de pest.

Dy earste tsjerke is eins neat mear fan oer. Yn rûge tiden is in protte fernield. Rome waard aloan wer bedrige (Hunnen, Goaten en Sarasenen). Us tsjerke waard hieltyd opmakke en fernijd. De tsjerke stie yn in hoekje fan de skola fan de Angelsaksen (schola Saxonum). Letter waard it stikje grûn mei de tsjerke troch de Friezen oarnommen (schola Frisonum). It wie de tiid dat it Kristendom yn it Keltyske Ierlân ta in hichtepunt kaam. De Kelten besochten om de Angelen en Saksen, dy’t harren nei de rânen en úthoeken fan it hjoeddeiske Feriene Keninkryk dreaun hiene, foar it kristendom te winnen. Op har beurt stutsen de Angelsaksyske sindelingen de Noardsee oer om de Friezen te bekearen. Dat slagge pas yn de twadde helte fan de achtste ieu. Dêrom wie de Michaëltsjerke yn Rome doe ek noch net in Friezetsjerke, om de ienfâldige reden dat de Friezen doe noch heidenen wiene. Dat feroaret yn de rin fan de njoggende ieu. Hieltyd faker geane ek Friezen op pylgertocht nei Rome en wêr soene se better opfongen wurde kinne as yn de skola fan de oan har besibbe stam fan de Angelsaksen, dy’t hast deselde taal sprieken as hjasels. “Birds of a feather, flock together”, sizze de Ingelsken no noch. Dy hiene doe al har eigen stik grûn tusken de Sint Piter en de Tiber, mei herbergen, feestalling, winkels en sikehuzen (hospice), foar safier’t dat sa neamd wurde mocht. Harren terrein grinzge hast oan de grûn om de Ingeleboarch hinne. Fan de bruorren Liudger en Hildegrim is bekend dat se om 786 hinne al in skoft yn Rome taholden. Der wurdt wol tocht dat se dêr de lettere keizer Karel de Grutte moeten en fan him de opdracht krigen om de Friezen foar it kristendom te winnen. It aardige is wol dat de wegen dy’t de pylgers doe namen om yn Rome te kommen, no noch werom te finen binne. Wa ken net de via Aurelia, de via Appia en via Aemilia? Nei ferrin fan tiid skeppe de Friezen har eigen hoekje op de skola fan de Angelsaksen. Muskens meldt dat de schola Frisonorum al yn 799 apart neamd wurdt.

Tink ris yn: de Friezen hiene de lange tocht fan likernôch 2000 kilometer út Fryslân wei te gean makke mei alle gefaar en gemis dat men jin mar foarstelle kin. Stellerij, min waar, sykte en faak te min te iten, it hearde der allegearre by. Wat sille se dan bliid wêst hawwe dat se teplak wiene en yn de skola opfongen waarden troch eigen lânslju, dy’t har taal praten en by wa’t se har ferhaal kwyt koene en dêr’t se wer by sûpe en stút kamen troch de fersoarging dy’t se krigen. Se krigen help om Rome kennen te learen en der wiene reisgenoaten dêr’t se mei werom reizgje kiene. Guon foldie it sa goed yn de drokte fan de wrâldstêd dat se dêr hingjen bleauwen en wurk sochten, oaren begûnen te buorkjen op it plattelân bûten Rome. Se koene har ek altyd noch by it leger oanmelde, want dêr wie hieltyd ferlet fan minsken. Wa’t hjoed-de-dei de Friezetsjerke yngiet, kriget lykas de pylgers fan alear it gefoel in lyts bytsje thús te wêzen. As men beseft hoefolle fuotstappen fan minsken út de noardlike kuststreken op dat plak lizze, moat men ûnwillekeurich weromtinke oan de begjinjierren fan de tsjerke. Hoe’t dat krekt om en ta gien is, kinne wy ús no amper yntinke. Wy witte net iens wannear’t de earste tsjerke dêr krekt boud is en troch wa, want Gregoarius de Grutte mei dan miskien wol de namme oan de tsjerke jûn hawwe, dat wol noch net sizze dat er him ek boud hat. Miskien hiene de Angelsaksen dat al earder dien en hat Gregoarius allinnich mar de namme jûn en hawwe de Friezen letter de tsjerke oernommen. Yn alle gefallen hat de tsjerke de hiele midsieuwen troch it plak west dêr’t de Friezen en letter ek oare lju út de kuststreken har it earste deljoegen as se yn Rome kamen.

It is net mooglik om hjir it hiele ferhaal fan de tsjerke en syn skiednis te skriuwen. Ik wol noch wol eefkes de twadde helte fan de namme fan de tsjerke neame: it is in oantinken oan in Magnus. De krekte betsjutting is noch altyd net helder. Muskens neamt trije mooglikheden:

  • It soe de biskop-marteler Sint Magnus út it suden fan Italië wêze kinne. Syn stoflik omskot soe fûn wêze troch in pear Friezen dy’t it nei Fryslân meinimme woene. Underweis yn Noard-Italië waard harren yn in dream troch Magnus ferteld dat er yn Rome litten wurde moast. Allinnich syn earm en findel mochten mei nei Fryslân ta. Dy soene yn Almenum yn de tsjerke ynmitsele wêze.
  • Oaren tinke dat it giet om in ealman Magnus Forteman (Dux Frisonum), dy’t by Rome sneuvele yn tsjinst fan Karel de Grutte by de striid om Rome fan de Sarasenen te befrijen en dy’t dêrom hillich ferklearre waard. As tank soe de keizer doe de saneamde Magnuskerren opsteld hawwe, der’t de Fryske frijheid yn fêstlein wêze soe.
  • Magnus soe de biskop wêze kinne dy’t ek legeroanfierder wie, wat yn dy tiid net sa frjemd wie.

Hoe en wat dan ek, it is net krekt dúdlik wannear’t en wêrom’t de twadde namme oan ús tsjerke ferbûn is. Ek witte wy net wannear’t de tsjerke yn hannen fan de Friezen kommen is. Dat it in ûnrêstich bestean wie en dat de tsjerke it yn de rin fan de jierren swier te ferduorjen krige, is wol dúdlik. Tsjerke en skola binne faker as ien kear ferwoaste en wer opboud. Der hat ek in tiid west dat de tsjerke amper mear brûkt waard en dat er fertuteazge en sletten drige te wurden. Hieltyd folge dan dochs wer in restauraasje lykas yn 1756 doe’t de tsjerke hast hielendal mei de grûn lykmakke wie.

Dat wie ek yn de tweintichste ieu it gefal. By it fernijen fan it wegeplan om it Fatikaan hinne, drige de tsjerke ôfbrutsen wurde te moatten om plak foar in nije dyk te meitsjen. Gjin wûnder, want tsjinsten waarden der doe amper mear yn holden. Oan de ein fan de tweintichste ieu stoarten stikken fan it dak yn. Der waard in begjin mei de restauraasje makke. Yn 1990 kaam de tsjerke op de list fan it Europeesk Kultureel Erfguod. Doe wie er rêden. Dat is er wol wurdich as iennichst monumint dat de bân mei it ferline fan de scholae bewarre hat.

Foar de lêste restauraasje hawwe ek Friezen har ynspand. De nammen fan fan Harm Oldenhof fan It Hearrenfean en dy fan de bruorren Loadewyk en Ige Damsma fan De Jouwer en Jirnsum meie dêr mei eare by neamd wurde. De beide lêsten sammelen in protte stiennen fan âlde tsjerken yn Fryslân byinoar foar de tsjerke yn Rome. Dy binne by de restauraasje foar in grut part brûkt. Der stiet no noch in nusje reserve stiennen yn de tsjerke (foto).

De Friezetsjerke docht no op in eigentiidske wize noch tsjinst foar it doel dêr’t er yn de iere midsieuwen foar oprjochte waard: in moetingsplak foar de minsken út de Lege Lannen, dy’t no Nederlân neamd wurde. Der is in tige aktyf tsjerkebestjoer dat it behear yn hannen hat. Wy waarden mei klam útnoege om de sneintemoarnstsjinst by te wenjen. Dat hawwe wy dien en it wie mar goed dat wy flink op ’e tiid wiene, want it waard grôtfol. Foardat de tsjinst begûn joech ien fan it tsjerkebestjoer yn sa’n tweintich minuten in nijsgjirrige gearfetting fan de skiednis fan de tsjerke. As der Friezen yn tsjerke binne dy’t dat dwaan wolle, wurde yn de tsjinst by de Skriftlêzings gauris stikken út de Fryske Bibel foarlêzen.

Om it moetingsplak foar de Nederlanners te behâlden, geane de restauraasjes altyd troch. Wa’t yn Rome komt kin de tsjerke fan de Friezen net oerslaan, mar kin dan mar it bêste freegje nei de Sint Michaël- en Magnustsjerke.

Jaap van der Bij

jannewaris 23, 2010 08:46
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erik jannewaris 24, 00:09

    Dat se dêr yn it Fatikaan net witte wêr’t de Friezetsjerke stiet is dochs apart? En dat dy Nederlânske flagge dêr hinget is der fansels fier by troch. Doch der wat oan! Gau regaad meitsje dêr yn Rome!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.