Brief út 1795 fan Fries

jannewaris 31, 2010 09:51 Fernijd

Yn Emmen is in bysûndere brief fûn dy’t op 19 maart 1795 skreaun is. Yn de brief wurdt sprutsen oer de nije regearing fan dy tiid. In ôffurdiging fan de Universiteit fan Amsterdam achte de brief sa nijsgjirrich dat se him bestudearje wolle.

De brief siet yn in âld boek dat Herman Platzer út Emmen tritich jier lyn op in feiling yn Haarlem kocht. Hy is skreaun troch de Fryske predikant Marten Martens. Fan Martens binne ek al oare brieven bekend. Dy brieven binne yn 2005 sammele yn it boek “Ik heb het grootste doel mijner aardsche bestemming bereikt”. De brief dy’t no fûn is stiet net yn it boek.
Platz hat de brief oan de biblioteek fan de Universiteit fan Amsterdam skonken. Begjin 2011 wurdt de brief útstald.

jannewaris 31, 2010 09:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Erik febrewaris 1, 21:16

    Is it brief op syn minst yn it Frysk?

  2. Jabik febrewaris 2, 09:15

    It is Ingels.

  3. Jelmer febrewaris 2, 16:55

    Hearkes, wat in ûndúdlik hânskrift… ik leau ek dat it Ingelsk is…

  4. carla febrewaris 7, 12:32

    De brief is in oud hollands geschreven!!

  5. redaksje febrewaris 7, 14:20

    Wy fan de redaksje sille earlik wêze. De ôfbylding dy’t by dizze tekst heart is net de ôfbylding fan de brief dy’t fûn is. Dizze ôfbylding wie net te krijen, derom hawwe wy dizze brûkt. It is mear in idee hoe’t de brief derút sjocht.

  6. Jelmer febrewaris 7, 21:31

    @redaksje: moai dat jim it earlik tajouwe! en wat my oanbelanget is it jim ferjûn.

  7. Tonko Engelsman febrewaris 8, 11:18

    Geachte redactie,

    Als jullie echt verlegen zitten om een stuk originele tekst van de brief dan kan ik die wel aan de redactie leveren. De ‘brief’ bestaat in werkelijkheid uit anderhalve brief en is in het Nedetrlands geschreven. De ‘brief’ is nog unieker dan eerst gedacht.

    Tonko Engelsman

  8. Redaksje febrewaris 8, 12:02

    Achte hear Engelsman.

    As jo wolle, stjoer de tekst mar op. info@fryskebeweging.nl

    Tige tank.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.