Bijen ferbaarnd

jannewaris 31, 2010 09:45 Fernijd

Foar de twadde kear yn koarte tiid is ymker Pim Lemmers it slachtoffer wurden fan ûnbekenden dy’t it op syn bijen fersjoen hawwe. Hy waard belle dat de heasouder op bernebuorkerij ’t Molentje yn Heemskerk yn de brân stie. Op de souder stienen syn bijekasten. Tûzenen bijen binne ferbaarnd. De ynsekten koenen gjin kant op. De oansleine ymker moast tasjen hoe’t de brânwacht besocht om safolle mooglik spul te reden.

Yn wike foar dizze brân waarden troch fandalen fan de heasouder ôf sa’n hûndert striebalen op syn bijekasten goaid. De bijekasten wienen swier skansearre en de bijen kamen troch befriezing om it libben.

Lemmers fynt it ferskriklik. De polysje hat gjin idee wa’t it dien hat.

jannewaris 31, 2010 09:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.