MP: gjin spul mei Barroso oer natuer

jannewaris 30, 2010 17:33

balkende barossoFan ’e wike moast minister-presidint Balkenende yn de Twadde Keamer fragen beänderje oer in opmerklike briefwikseling tusken him en de foarsitter fan de Europeeske Kommisje, Barroso. Balkenendes brief is al stjoerd op 13 july ferline jier en Barroso’s reaksje is fan 26 oktober, mar de korrespondinsje wie geheim en is pas begjin jannewaris wrâldkundich makke troch de Volkskrant.

Balkenende stelt yn syn brief dat de publike stipe foar natuerbeskermingsbelied ôfnimt troch de strikt ekologyske fokus fan Natura 2000, it Europeeske netwurk fan beskerme natuergebieten. Nederlân fynt dêrom, sa skriuwt Balkenende, dat de wetjouwing sa oanpast wurde moat dat der in bettere balâns komt tusken ‘ekologyske belangen en ekonomyske en minsklike belangen’. Balkenende stelt dêrby benammen it foarsoarchprinsipe yn ’e kiif. Dat prinsipe bepaalt dat ekonomyske aktiviteiten dy’t it fuortbestean fan de natuergebieten bedriigje, net tastien binne. It is dêrom net sa frjemd dat de publikaasje ferheftige reaksjes opsmiet fan natuerorganisaasje en opposysje, mar ek fan koälysjegenoat PvdA, dy’t neat wist fan dizze brief dy’t út namme fan Nederlân skreaun wie. It like der efkes op dat dêrtroch wolris spul tusken de regearingspartijen ûntstean koe, mar doe kaam de dalje op it eigensinnige kommentaar fan Balkenende op it rapport fan de kommisje Davids oer de stipe fan Nederlân oan de Irakoarloch der tuskentroch.

Barroso wiist yn syn antwurdbrief de punten fan syn kollega kristen-demokraat stik foar stik fan de hân. Neffens de foarsitter fan de Europeeske Kommisje is der yn Europa wiidweidige ûngerêstens oer it ferlies fan biologysk ferskaat, is it foarsoarchbegjinsel ien fan de fûneminten fan it Europeeske miljeubelied en binne duorsume ekonomyske aktiviteiten yn natuergebieten hiel goed mooglik. De opposysje konkludearre dat de Nederlânske premier dêrmei in snútslach fan Barroso krige. Balkenende sei dizze wike yn de Keamer dat er dat sels net sa belibbe hat. Omdat it brief mar in koarte notysje wie, skreaun op fersyk fan lânbouminister en partijgenoat Verburg, en oer praktyske saken gong dy’t yn it ferlingde leinen fan wat yn it kabinet al mear as ien kear besprutsen wie, hie er it net nedich achte om der noch oare ministers, bygelyks Cramer fan Miljeu (PvdA), yn te beheljen. Verburg seit krekt wiis te wêzen mei de reaksje fan Barroso, omdat dêrút bliken docht dat der mear romte is foar ekonomyske aktiviteiten yn de Natura-2000 gebieten as dêr’t sy benaud foar wie.

jannewaris 30, 2010 17:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.