Alvestêdekoarts: hotel hast fol

jannewaris 7, 2010 09:09 Fernijd

It friest yn Nederlân en dat betsjut Alvestêdekoarts. Yn Fryslân wurde sels al hotelkeamers reservearre foar it gefal dat de tocht by de alve Fryske stêden lâns riden wurde sil. Chris van der Leij fan hotel ’t Anker yn Ljouwert kin dêr yn meistimme : “Ik sit al hast fol.”
’t Anker hat plak foar sechstich gasten, mar 53 plakken binne al fersein. “Ik kin allinich bêden garandearje”, sa ferklearret Van der Leij. It kin dus wêze dat ûnbekenden byelkoar op in keamer komme te lizzen.
Van der Leij makke al trije kear earder in Alvestêdetocht mei. “As de tocht der tochten út ein set, dan leit Ljouwert foar de rest op ’e kont”, sa sprekt er út ûnderfining.
Hûs
Mar hoe sit it dan mei de minsken dy’t bygelyks tafallich yn de Alvestêdetochtperioade in ‘wykeintsje fuort’ boekt hawwe? “Ik haw altyd in lytse marzje, dus in hotelkeamer krije se wol. Dêrnjonken wenje ik sels boppe it hotel, dus myn hûs kin yn gefal fan need ek noch brûkt wurde.”
Oer it trochgean fan de Alvestêdetocht twivelet Van der Leij. “It friest net sa hurd. We hawwe yn alle gefallen wol ferlet fan tsien dagen mei strange froast. Fannacht wie it hjir min fiif en der falt noch hieltyd snie. It iis groeit net sa rap.”

jannewaris 7, 2010 09:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.