Ajax stipet HAÏTY

jannewaris 17, 2010 08:29

De spilersgroep fan Ajax leveret in bydrage fan 3000 euro oan de helporganisaasjes yn Haïty, dat tiisdei troffen waard troch in swiere grûnskodding. De lieding fan de klup út Amsterdam hat besletten om dat bedrach te ferdûbeljen. Haadsponsor Aegon makket ek 6000 euro oer.

De Stichting Haïty Kontakt hâldt sneon in gearkomste yn Amsterdam ArenA foar Haïtianan yn Nederlân en Belgïe en foar minsken dy’t it oangiet en dy’t ynteressearre binne. De Amsterdam ArenA stipet de hiele gearkomste en Maison van den Boer soarget belangeleas foar iten en drinken.
Ajax is ek yn de organisaasje behelle. Ûnder de oanwêzigen sille ek wêze minister Koenders fan ûntwikkelingsgearwurking en boargemaster Job Cohen fan Amsterdam.
De Gearwurkjende Helporganisaasjes hawwe giro 555 foar donaasjes iepensteld.

jannewaris 17, 2010 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.