Krystkongres 77:Fryslân hip meitsje

jannewaris 2, 2010 11:03

Op 28 en 29 desimber lêstlyn hat it jierlikse krystkongres fan de federaasje fan studinteferienings wer pleatsfûn. Dy twa dagen wienen tige nijsgjirrich en noch folle mear slagge. It wie in kongres dêr’t it yntellektuele nivo heech by lei en dêr’t troch de oanwêzige studinten kritysk meitocht waard.

De sprekkers hienen nijsgjirrige tema’s. Sa seach de loko-boargemaster en wethâlder Van der Ploech fan Dantumadeel de leechrin as kâns. Je moatte in doarp oantreklik meitsje en je moatte as gemeente wat  foar de ynwenners te bieden hawwe. Boppedat moat der miskien tusken doarpen wol gearwurke wurde yn dielde foarsjennings, bygelyks dielde sportskompleksen.

Dykstra fan de Feriening foar Frysk Underwiis sjocht de leechrin wol as probleem omdat de taal dêr ek mei yn gefaar komt. De lykweardigens fan de Fryske taal kin net garandearre wurde op it stuit dat Fryske studinten de provinsje ferlitte en dêr Hollanders foar yn it plak komme. Op in soad skoallen wurdt ûnder de bern al net mear Frysk praat. Sterker noch, se wurde op it stuit dat se wol Frysk prate, troch bern dy’t Frysk net as memmetaal hawwe, útlake.

Nei eltse sprekker koe der efkes diskusjearre wurde. Der waarden krityske fragen steld. As tredde sprekker kaam Marjan Brouwer fan de universiteit fan Grins oan it wurd. Sy is dosint “vroeg-moderne geschiedenis” en sy hold har ferhaal oer de universiteit fan Frjentsjer dy’t fan 1585 oant 1811 bestien hat. Mei it each op de folgjende sprekker wie it in moaie prolooch foar it ferhaal fan Akkerman. Wat de Frjentsjerter universiteit sa sterk makke wie de Kalvinistyske identiteit, wat in soad studinten binnen Fryslân, mar ek binnen Europa oanspriek. Minsken kamen út in grut part fan Europa nei de universiteit fan Frjentsjer ta om har identiteit. Mochten de plannen binnen Fryslân om Masteropliedings nei Ljouwert te heljen, slagje, dan moat der soarge wurde foar in identiteit dy’t Ljouwert as akademyske stêd op de kaart set.

Dat die ek bliken út it ferhaal fan de hear Akkerman fan de provinsje Fryslân. Hy is projektlieder fan it projekt “university campus Fryslân”. Fryslân moat neffens him opliedings oanbiede dy’t op it earste plak maklik fan de HBO-opliedings út te folgjen binne mei in skeakelprogram. Njonken dat moat Fryslân yn de dingen dêr’t it goed yn is, bygelyks wetter, lânbou en toerisme, opliedings oanbiede en ynstellings kreëarje dy’t minsken de mooglikheid jouwe om binnen Fryslân har akademyske kapasiteiten te benutten. Mei dy netwurken sil der neffens Akkerman in soad wurkgelegenheid komme. Nei it ferhaal fan Akkerman koe der noch efkes diskusjearre wurde yn de seal en dat levere nijsgjirrige perspektiven op. Eltsenien wie it der oer iens dat Fryslân op dy wize oantreklik makke wurde kin.

Njonken dit tema binne de gebrûklike krigen ek wer holden. De bierkriich, de delkriich en de kabaretkriich. Eltsenien hat him dizze twa dagen tige fermakke en de federaasje giet no op nei it 80ste krystkongres. Dit krystkongres wie ek de ôftraap foar it 16de lustrumjier fan de federaasje. It federaasjebestjoer hat dêrom oan it begjin, ûnder de rûnrit troch Frjentsjer, yn in limûsine sitten. It lustrum betsjut foar de federaasje dat der kommend jier noch in soad aktiviteiten holden wurde sille, bygelyks in federaasjekamp en in lustrumgala. Úteinlik kin de krystkongreskommisje werom sjen op in slagge krystkongres mei in moai lykwicht tusken festiviteiten en ynformaasje.

jannewaris 2, 2010 11:03
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. André van der Meer jannewaris 3, 17:36

    “Op in soad skoallen wurdt ûnder de bern al net mear Frysk praat. Sterker noch, se wurde op it stuit dat se wol Frysk prate, troch bern dy’t Frysk net as memmetaal hawwe, útlake.”
    Bern dy’t soks dogge Fryske bern moatte spikerhurd oanpakt wurde. Soks hearre wy net te dwaan yn dit lân.
    Alden moatte ek oansprutsen wurde op sok gedrach fan dy bern.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.