75 jier Kristlik Fryske Folksbibleteek

jannewaris 17, 2010 12:03

KFFBlogoSneon de 17e jannewaris fierde de KFFB op de heechste ferdjipping fan it WTC-hotel har 75-jierrich jubileum. Foar in sealfol minsken fertelde Bert Looper fan Tresoar dat de KFFB derfoar soarge hie dat 90.000 bledsiden Fryske teksten foar it neigeslacht bewarre bliuwe. Dêrfoar hie foarsitter Minne Vis yn syn wolkomstwurd al witte litten dat de KFFB him de lêste jierren ferbrede hie. Der wurde troch har net mear allinne spesifyk kristlike boeken of boeken fan kristlike skriuwers, wat of wa’t dat dan ek mar wêze meie, útjûn. Dêrom stiet ûnder it logo yn it tinkskrift no De Fryske Boekeklub en dêrûnder noch KFFB. Dochs wat healslachtich. Yn de feestrede fan Pieter Duijff krigen de oanwêzigen in heldere skets fan 75 jier KFFB. Dat kinne de leden thús nochris rêstich oerdwaan as se it kreaze Tinkskrift op ’e skerte nimme. It is in fleurich boek op A4-formaat wurden mei skerpe en kleurige foto’s. De bydragen binne koart hâlden sûnder al te folle omballings mar jouwe dochs yn sa’n hûndert siden in kreas oersjoch fan it wurk fan de bestjoersleden en fan de boeken dy’t útjûn binne.

De gearkomste yn it WTC hie in feestlik karakter, mar sa no en dan wiene der ek soargen oer de takomst te hearren. It tal leden dat yn de sechtiger jierren om en de by de 12.000 lei is weromrûn nei sa’n 2000 no. Dat soe de kommende jierren noch wolris fierder tebek rinne kinne oan de leeftiid fan de oanwêzigen te sjen. Nimmen wit krekt wat de takomst fan tydskriften en boeken is yn it tiidrek fan digitalisearring en nije media. It sil in punt wêze dêr’t it bestjoer fan de KFFB al rillegau in andert op ha moat. It fuortbestean fan it KFFB stiet of falt dêrmei.

KFFB

 

It earste eksemblaar fan it tinkskrift waard útrikt oan deputearre Jannewietske de Vries. Hja liet hearre dat se wiis wie mei de ferbreding fan de KFFB en winske de feriening ek in 100-jierrich jubileum ta.

jannewaris 17, 2010 12:03
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Peter en Nynke Eerden juny 5, 13:51

    Mijn vrouw komt uit Tytsjerk en wij wonen nu in Dordrecht. Haar heit en mem waren lid van de KFFB en ik, geboren in Rotterdam, heb het Fries leren lezen via deze boeken. Helaas zijn heit en mem ons ontvallen, maar wij vragen ons nu af of wij de romans nog kunnen ontvangen in Dordrecht

  2. Redaksje It Nijs juny 5, 19:52

    Achte Peter en Nynke Eerden,
    Jimme kinne it de KFFB sels freegje: Siniastrjitte 6, 9134 NZ Lioessens (telefoan: 0519 320 838).
    Sjoch ek http://www.kffb.nl

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.