60.000 digitale boeken ferkocht
Resint ferskynd
Yn Nederlân binne yn it ôfrûne jier sechstichtûzen digitale boeken ferkocht. De Millenium Trilogie fan Stieg Larsson is it meast ferkochte e-boek. In digitaal boek kin oant tweintich prosint guodkeaper wêze as de guodkeapste papieren ferzje. Sûnt augustus ferskine hieltiten mear Hollânsktalige e-boeken en ferkeapwebstekken fan digitale boeken. Op de Nederlânske merk kamen yn it lêste fearnsjier ek mear typen e-readers beskikber. Dat lêste digitale lêsapparaat hat in skerm dat sa rêstich foar de eagen is, dat men it lêzen langer folhâlde kin. Dêr binne 12.000 fan ferkocht yn Nederlân. In elektroanysk boek is ek te lêzen op de pc of mobile tillefoan.
De grutte ferkeapers fan digitale boeken, Bol.com en Selexyz, binne tefreden oer de yntroduksje fan it digitale lêzen yn Nederlân. Yn 2010 ferwachtet Selexyz trije kear safolle e-boeken te ferkeapjen. Bol.com tinkt oan tsientûzenen mear. Michel Schaeffer, marketingdirekteur fan ynternetwinkel Bol.com ferwachtet dat it digitale boek in fêst plak feroverje sil njonken syn papieren broer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje